Nikolaastsjerke (Poppenwier)

De Nikolaastsjerke wie de eardere herfoarme tsjerke fan Poppenwier. De tsjerke is al sûnt de jierren 1980 bûten gebrûk steld.

Nikolaastsjerke
Belgian road sign S18.svg
Nikolaastsjerke, Poppenwier.jpg
Lokaasje
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân vlag.svg Súdwest-Fryslân
plak Poppenwier vlag.svg Poppenwier
adres Binnenbuorren 12
koördinaten 53° 05' N 5° 44' E
Tsjerklike gegevens
status Net yn gebrûk as tsjerke
aula, eksposysjeromte
Arsjitektuer
arsjitekt Rommert Bleeksma, Raerd
boujier 1860
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 32305[1]
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

SkiednisBewurkje

De tsjerke waard yn 1860 boud neffens in ûntwerp fan Rommert Bleeksma út Raerd, nei't de midsiuwske tsjerke te brekfallich woarn wie en ôfbrutsen wurde moast. Sûnt 1978 koe de lytsere herfoarme gemeente de kosten fan it ûnderhâld net mear opbringen en dêrom waard it gebou yn 1983 oerdroegen oan de "Stifting ta behâld fan de Tsjerke fan Poppenwier". Nei in restauraasje waard de tsjerke yn 1986 as aula yn gebrûk nommen.

YnterieurBewurkje

It ynterieur fan de tsjerke is yn de kleuren roze en griis farve. De seishoekige preekstoel soe ôfkomstich wêze út Jirnsum en hat op de hoeken ferguld houtsnijwurk.

Foar de preekstoel leit in âlde sark út 1558 fan de op 10 desimber 1543 ferstoarne Lieuwe Hettes fan Albada, grytman fan Raerderhim, en syn frou Frouck fan Roorda. De sark krige by de restauraasje fan de tsjerke in oar plak mar hold de âlde orriïntaasje.

It oerwurk yn de toer datearret út 1578 en heart ta de âldste oerwurken fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: