Koarnwert
Koarnwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noard fan Makkum. It doarp hat likernôch 80 ynwenners (2021). Under it doarp falle de buorskippen Sotterum, Hou en Hiddum. Oant 2011 lei Koarnwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Koarnwert | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 80 (2021)[1] |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 5' NB, 5° 23' EL |


Yn it wapen en de flagge fan Koarnwert stiet in swan. Dit is in ferwizing nei de kloften swannen dy't winterdeis yn de Iselmar by it doarp oerwinterje.
Koarnwert is it berteplak fan Obe Postma.
Namme Bewurkje
Koarnwert waard foar it earst neamd yn de njoggende iuw as Quirnifurt en as Quirnivirt út in dokumint út 944. Dy namme wie ôflaat fan it Germaanske wurd quirnu, dat in hânmûne oantsjutte, en wurth, it Aldfryske wurd foar in opwurpen hichte gaadlik makke foar bewenning.
Yn 1275 waard it neamd yn in kopy as Cornwerth. Yn 1315 waard it neamd as Corneworth, yn 1379 as Cornwerth, yn 1400 as Cornwairt, yn de sechtjinde iuw as Coornwert, yn de santjinde iuw yn it Frysk as Kornwirt en fan de achttjinde iuw ôf as Koarnwert en yn it Nederlânsk Cornwerd.
Skiednis Bewurkje
Begjintiid Bewurkje
Der moat om ende by Koarnwert al bewenning west ha yn 'e Romeinske Tiid of earder. It is net wis oft der bewenning wie op de hjoeddeiske terp, mar by Sotterum binne spullen fûnen út 'e Romeinske perioade.
Yn 'e tiid fan Karel de Grutte of justjes letter waard it foar it earst neamd as "Quirnifurt" of "Quirnivirt". De namme kaam foar yn akten fan it Dútske kleaster fan Fulda, dy't skinkingen ûntfong fan 12 pleatsen yn Koarnwert.
Bloeitiid Bewurkje
De tsjerke is fan om ende by 1150 en is wide oan Sint Bonifasius. Yn 'e Midsiuwen wie Koarnwert in wichtich hannelsplak, want it lei strategysk oan 'e iennige farrûte nei Makkum fan it noarden út, dêr't de slûzen nei de Sudersee, dy't fan grut belang wie, fan it wetterôffier fan de doe machtige Hânzestêd Boalsert. Der waard hannele mei keaplju út û.o. Hamboarch en Hollân. Ut âlde registers komme nammen as "Cornwürth" en "Coernwaert" foar. Nei de Hollânske nederlaach by de Slach by Warns op 26 septimber 1345 mochten de Hollanners mar yn trije Fryske plakken hannel driuwe, te witten Koarnwert, Harich en Holwert.
Hidde Jongema Bewurkje
Yn 'e rin fan 'e 15e iuw naam de betsjutting fan Koarnwert ôf en waard it njonken lizzende Makkum hieltyd wichtiger. Koarnwert waard mear in fiskers- en boeremienskip. Yn 1496 waard Koarnwert it toaniel fan de fjochterijen tusken de Skieringers en Fetkeapers. Edo (Hidde) Jongema, dy't op 'e pleats fan Hiddum wenne, wie in foaroansteande Skieringer. De Fetkeapers ûnder lieding fan Tsjerk Walta fan Boalsert woene him krije en hy ferskânste himsels yn 'e tsjerketoer. Tsjerk Walta kaam mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert en belegeren de tsjerketoer dêr't Edo yn siet. Syn freon Sjoerd fan Beyma kaam mei in legerke man út Wytmarsum, Arum en Frjentsjer en skeaten him ta help en wisten Tjerk Walta en syn mannen te ferdriuwen.
Boeremienskip Bewurkje
Yn 1640 waarden der 15 boerepleatsen teld dy by Koarnwert hearden. Dat Koarnwert in rike boeremienskip wie is te fernimmen oan de talleaze ferbouwings fan de tsjerke te witten yn 1510, 1580 en 1740, en yn 1898 doe't de âlde sealtektoer ferfongen waard troch in spitse toer dy't ek foar in beaken tsjinne foar de skipfeart op de Sudersee. De lânbougrûn om Koarnwert hinne wie fruchtber en yn 1780 is de Silaardermar, dy't tusken Koarnwert en Wûns lei, drûchlein. Koarnwert libbe yn dy tiid fan 'e lânbou en fiskerij, mar de lêste naam ek ôf mei oanlis fan de Ofslútdyk yn 1932.
Twadde Wrâldkriich Bewurkje
Mei de Dútske besetting op 10 maaie 1940 waard der om Koarnwert hinne hurd fochten. De Wûnsliny, dêr't lân fan Surch ôf oer Wûns nei Makkum ûnder wetter set waard om de fijân te kearen, rûn om Koarnwert hinne. Mar de Dútsers brutsen der troch hinne en Koarnwert waard beset gebiet. Dat duorre oant 18 april 1945, doe't de Kanadezen kamen dy't Fryslân fan de Dútske besetter befrijden. Dêrbij rekken noch wat pleatsen op Hiddum en Haaium (ûnder Wûns) yn it midden fan 'e fjochterijen en rûnen in protte skea op.
Gebouwen Bewurkje
Koarnwert hie in skoalle dy't yn 1934 sluten is. Yn 1998 is ek de lêste sneinstjinst holden yn 'e tsjerke fanwege it lytse tal minsken en hja binne no oanwiisd op Makkum. De Bonifatiustsjerke is in ryksmonumint.
Oan de Sotterumerdyk by Koarnwert stiet in mûne, de Koarnwertermûne. Dizze mûne hat yn 1907 fergunning krigen. It bemeallen fan de polder fan it Wetterskip Koarnwert hearde oant 1972 ta de taken fan dy mûne. De polder bestiet út fûgeltsjelân dat no beheard wurdt troch It Fryske Gea. Der wurdt rûge dong brûkt en der wurdt let meand.
Yn 2022 wurde der yn de himrik fan Koarnwert seis wynmûnen pleatst fan Wynpark Nij Hiddum-Hou.
Nijsgjirrich Bewurkje
De bijnamme foar Koarnwerters wie eartiids "hikkespringers". Dat kaam om't men troch (of oer) in trijetal hikken gean moast om by de tsjerke te kommen. De grûn, dêr't in grut part fan de hjoeddeiske Doarpswei op leit, hearde by trije pleatsen. De boeren brûkten de hikken om it fee te kearen. De âlde tagongswei nei it doarp lei oan de noardigge fan de opfeart. Doe't oan de noardkant fan de strjitte hûzen boud waarden, waard de tagongswei fan de seedyk ôf ferlein en ferdwûnen nei yngripen fan de gemeente de hikken.
Ferieningslibben Bewurkje
- Feriening foar Doarpsbelang
- Keatsferiening "Meiïnoar Ien"
Befolking Bewurkje
Strjitten Bewurkje
Doarpswei, Haaiumerleane, Hollingerleane, Houdyk, Sotterumerdyk.
De Doarpswei dat troch de doarpskearn rint hat de status fan Beskerme Doarpsgesicht.
Sjoch ek Bewurkje
Keppeling om utens Bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|