Obe Piters Postma (Koarnwert 29 maart 1868 - Ljouwert, 26 juny 1963) wie in Fryske dichter, wis- en natuerkundige (learaar) en amateur-histoarikus. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste 20e-iuwske Fryske dichters, ek bûten Fryslân.

Obe Postma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Obe Piters Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maart 1868
berteplak Koarnwert (Fryslân)
stoarn 26 juny 1963
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, essay's
bekendste
  wurk(en)
Fryske Lân en Fryske Libben
It Sil Bestean
prizen Gysbert Japicxpriis 1947
(foar It Sil Bestean)
Rely Jorritsmapriis 1954
(foar Fan de Fjouwer Eleminten)
Dr. J. Halbertsmapriis 1954
jierren aktyf 19021963
offisjele webside
n.f.t.
Pleats by Koarnwert dêr't Postma berne is
Boarstbyld fan Obe Postma yn Ljouwert
Frans Tiessen, 2014

Libben en wurk

bewurkje seksje

Postma, hikke en tein op de pleats fan syn âlden, Pieter Obes Postma en Sijbrigje Tjeerds Rinia, gie nei it Stedelijk Gymnasium yn Snits en studearre fan 1886 ôf wis- en natuerkunde yn Amsterdam. Hy wurke as dosint wiskunde yn Tiel en Tilburch en nei 1894 oan de Ryks-HBS yn Grins. Hy promovearre yn 1895. Syn debút as dichter makke er yn 1902 yn it tydskrift Forjit my net.

Nei syn pensjoen yn 1933 ferfear er nei Ljouwert, dêr't er in protte skreau oer it Fryske lân en har bewenners troch alle tiden, nei ynbannich ûndersyk yn it doetiidske Ryksargyf yn de Kânselarij te Ljouwert. Neist skiednis hie er ek in soad niget oan natuer en fral lânbou.

Postma hat him as earste yn Fryslân weage oan it saneamde 'frije fers' wêryn't rym en fêst metrum loslitten wurde.

Postma wie tige befreone mei professer Tsjitse de Boer. Yn in pear gedichten oan him wijd liket der sprake te wêzen fan in homo-eroatysk fielen. Postma hat net troud west. Kaaiwurden yn syn wurk: freon, freonskip, mienskip.

Hy stoar op syn 95ste yn in sikehûs te Ljouwert en leit begroeven op it tsjerkhôf fan Koarnwert. Op syn sark stiet: "Dichter fan it Fryske lân".

Yn 1984 is troch Deputearre Steaten in literatuerpriis foar oersetters ynsteld, dy't nei him neamd is, de Dr. Obe Postmapriis.

  • Fryske lân en Fryske libben (1918)
  • De ljochte ierde (1929)
  • Dagen (1937)
  • It sil bestean (1946)
  • Samle fersen I en II (1949)
  • Fan wjerklank en bisinnen (1957)
  • Eigen kar (1963, blomlêzing fan Postma sels)
  • Samle fersen (1978, ynlieding fan Douwe Tamminga en besoarge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga)
  • Van het Friese land en het Friese leven / Fan it Fryske lân en it Fryske libben (1998, gearstalling en neiwurd troch Philippus Breuker; oerset troch Jabik Veenbaas)
  • Fryslân! De wrâld! / Friesland! Die Welt! (1998, wurk fan Postma en Tsjêbbe Hettinga; oerset yn it Dútsk troch A. Posthuma en B. Gezelle Meerburg)
  • It sil bestean (2004, gearstalling en ynlieding Abe de Vries)
  • What the poet must know (2004, Ingelske oersetting Anthony Paul, mei in ynlieding fan Jabik Veenbaas)
  • Samle fersen (2005, ynlieding troch Philippus Breuker, besoarge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga)
  • Obe Postma - Selected poems (2018, 65 Fryske gedichten mei fertalingen yn 't Ingelsk en Nederlânsk, resp. fan Anthony Paul en Jabik Veenbaas)
  • Gedichten fen Rilke (1933, gedichten fan Rilke oerset)
  • Twofold / Twilûd (1982, tsien gedichten fan Emily Dickinson oerset)

Skiedkundich wurk

bewurkje seksje
  • Publikaasje oer de HBS yn Grins (1916)
  • Een Fries dorp in 1546 (1918) - oer Koarnwert
  • De Friesche kleihoeve. Bijdrage tot de geschiedenis van den cultuurgrond vooral in Friesland en Groningen (1934)
  • De fryske boerkerij en it boerelibben yn de 16e en 17e ieu (1937)
  • It Fryske doarp as tsjerklike en wrâldske ienheid foar 1795 (1941)
  • Tsientallen artikels yn 'De Vrije Fries' en 'It beaken'. (bygelyks: Verdronken plaatsen aan de westkust van Friesland, Oer it Fryske libben fan troch 'en dei yn 16e en 17e iuw (1955) en De begrenzing van de Middelzee)[1]
  • Obe Postma wurke mei oan de 'Geschiedenis van de Friese Landbouw' (1952)

Essays/oar wittenskiplik wurk

bewurkje seksje
  • 'Iets over uitstraling en opslorping (proefskrift) (1895)
  • Het meten, een kennistheoretische studie (1903)
  • De Fryske boerkerij om 1600 hinne (lêzing) (1929)

Oer him en syn wurk

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel: Obe Postma als historisch onderzoeker, Ljouwerter Krante, 18 novimber 2009. Side 19