Fokke Sierksma
Fokke Sierksma (Dantumawâld, 30 maaie 1917 - Leiden, 22 augustus 1977) wie in Nederlânsk teolooch, godstsjinstpsycholooch, tibetolooch, essayist en dichter.
Libbensrin
bewurkje seksjeHy waard grut yn in ortodoks-herfoarme fermidden as in soan fan Dokkumer garaazjehâlder Rypke Sierksma en Janke Krol. Nei it gymnasium yn Ljouwert gie Sierksma yn 1936 nei de Ryksuniversiteit Grins te studearjen. Troch it útbrekken fan de oarloch heakke de stúdzje wat, dat it ôfstudearjen wie earst yn 1945 by Gerardus van der Leeuw, by wa't er yn de oarlochsjierren klandestyn syn haadfak dien hie.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Sierksma aktyf by it ferset; ûnder oaren harke er de ferhoaren en folteringen troch de SD ôf. Yn 1944 hearde Sierksma ta de oprjochters fan it yllegale tydskrift Podium. Ek nei de oarloch siet Sierksma yn de redaksje fan Podium. Yn syn essays en gedichten ferwurke er wat er yn dy tiid meimakke hie. Dy ûnderfinings foarmen ek it ûnderwerp fan in filmsenario dat Sierksma skreau ûnder de skûlnamme Frank Wilders. De film is der lykwols nea komd.
Nei de oarloch krige Sierksma in oanstelling by de Universiteitsbibleteek fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn de jierren oant 1955 waard er bekend as essayist. Hy makke him doe los fan syn kristlike eftergrûn sa't út syn wurk bliken die. Hy skreau oer keunst, literatuer en poëzij. Ek fersoarge er in literêre rubryk op Radio Oost Noord Oost (RONO). Neist syn warberens op literêr mêd die er ek wittenskiplike arbeid. Yn 1963 waard Testbeeld bekroane mei de Henriette Roland Holst-priis. Dizze publikaasje wie in bewurking fan in deiboek oer telefyzjeprogramma's dy't er sjoen hie doe't er in rêstkuer hâlde. Yn de jierren 1965 en 1967 levere Sierksma bydragen oan De Nieuwe Linie.
Wittenskiplik wurk
bewurkje seksjeSierksma promovearre yn 1950 cum laude oan de Ryksuniversiteit Grins op syn proefskrift Phaenomenologie der religie en complexe psychologie. Syn promotor wie prof. J. Lindeboom.
Yn 1953 waard Sierksma beneamd as wittenskiplik haadmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Leien op it mêd fan godstsjinstskiednis en godstsjinstfenomenology.
Foaral it ferklearjen fan ritueel gedrach en godstsjinstige foarstellingen hie er niget oan. Hy ûntwikkele dêrfoar it begryp 'religieuze projeksje'. Yn syn ûndersyk behelle er ek de oerienkomsten tusken bistegedrach en dat fan minsken.
Sierksma beseach it ferskynsel religy fanút de psychoanalyse en behelle der ek biologysk en eksperiminteel ûndersyk yn. Dizze eigensinnige oanpak kaam him op in soad krityk te stean yn teologyske fermiddens.
Konflikten mei kollega's koene net útbliuwe en Sierksma syn posysje oan de universiteit kaam ûnder druk te stean. Dêr kaam noch by dat Sierksma in kompleks karakter en in alkoholferslaving hie.
Nei 1967 die bliken dat Sierksma's oanpak goed oansleat by de studinten.
Yn 1972 waard Sierksma min of mear rehabilitearre yn de foarm fan in beneaming ta lektor en letter ta heechlearaar (1973).
Sierksma wie in fûl foarstanner fan de skieding fan tsjerke en steat en fan in wittenskiplik benei kommen fan de teology. Ek dat joech skeel yn it teologyske rûnten..
It argyf fan Sierksma hat de Keninklike Bibleteek te Den Haach op 'e noed.
Bibliografy
bewurkje seksjeGedichten
bewurkje seksje- Gewaarmerkte gedichten, postúm útbrocht, 1977
Artikelen en essays
bewurkje seksje- Commentaar op Achterberg, opstellen van jonge schrijvers over de poëzie van Gerrit Achterberg, 1948
- Schoonheid als eigenbelang, essyas, 1948
- Tussen twee vuren. Een pamflet en een essay (bij De toekomst der religie van Simon Vestdijk), 1952
- Bern fan de ierde : in essay oer it dichtwurk fan Obe Postma, 1953
- Testbeeld : essays over mens en televisie, 1963
- Willem Frederik Hermans, yn: Raster jrg. 5 (1971), nr. 2 (simmer)
Boeken
bewurkje seksje- Grensconflict, 1948 (skûlnamme Frank Wilders)
- Om fan dit lân te halden..., Fokke Sierksma oer Fryslân yn brief en petear. Joop Boomsma, F. Sierksma, 2006
- Phaenomenologie der religie en complexe psychologie : een methodologische bijdrage, 1950
- Freud, Jung en de religie, 1951
- Professor Dr G. van der Leeuw : dienaar van God en hoogleraar te Groningen, 1951
- De religieuze projectie : een antropologische en psychologische studie over de projectie-verschijnselen in de godsdiensten, 1956
- De mens en zijn goden, 1959
- De roof van het vrouwengeheim : de mythe van de dictatuur der vrouwen en het ontstaan der geheime mannengenootschappen, 1962
- Profiel van een incarnatie : het leven en de conflicten van een Tibetaanse geestelijke in Tibet en Europa, 1964
- Tibet's terrifying deities : sex and aggression in religious acculturation, 1966
- Een nieuwe hemel & een nieuwe aarde : messianistische en eschatologische bewegingen en voorstellingen bij primitieve volken, 1978
- Religie, sexualiteit & agressie, een cultuurpsychologische bijdrage tot de verklaring van de spanning tussen de sexen, F. Sierksma, Th.P. van Baaren, K.D. Jenner, 1979
Literatuer
bewurkje seksje- Fokke Sierksma: a biographical sketch and bibliography, fan H.L. Beck en K.D. Jenner, 1982
- Wetenschap als eigenbelang: godsdienstwetenschap en dieptepsychologie in het werk van dr. F. Sierksma (1917-1977), Iersel, Josephus Henricus Petrus Maria van, 1991
- Stagnatie in de Nederlandse godsdienstwetenschap 1920-1980: de bijdrage van Gerardus van der Leeuw, Fokke Sierksma en Theo P. van Baaren aan de godsdienstwetenschap, Hak, Durk, 1994