Wynpark Nij Hiddum-Hou
Wynpark Nij Hiddum-Hou is in nij wynmûnepark dat yn Fryslân boud wurde sil.
It wynpark mei njoggen wynturbines sil oan de Kop fan de Ofslútdyk komme te lizzen, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Seis wynturbines oan de súdkant fan Rykswei 7 yn de omkriten fan de buorskip Hiddum, eastlik fan de buorskip Hou en benoarden it doarp Koarnwert. Trije wynturbines sille súdwestlik fan Goaium oan de noardkant fan de A7 set wurde.
De Provinsjale Steaten leinen de lokaasje fan it park yn desimber 2014 rûchwei fêst. Yn juny 2016 joegen hja opdracht ta de útwurking fan it plan Nij Hiddum-Hou. Op 18 july 2018 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân in definityf beslút naam oer it Provinsjaal Ynpassingsplan (PIP) Wynpark Nij Hiddum-Hou.
De njoggen wynturbines mei in totaal fermogen fan 42 megawatt (MW) hawwe in ashichte fan 90-140 meter en in tiphichte fan 145-188 meter. De diameter fan de rotorblêden is 110-136 meter. De bou fan it wynpark sil yn 2022 klear wêze. Vattenfall sil fjouwer wynturbinus eksploitearje en Wynpark Gooyum-Hou de oare fiif.
It nije wynpark komt yn it plak fan it wynpark mei tsien wynmûnen út 1995. Seis oare mûnen dêre wurde nei de oanlis fan it nije wynpark ek sanearre. It totale fermogen fan de 16 mûnen is sa'n 6 megawatt (MW); it fermogen sil sadwaande netto mei ûngefear 36 megawatt tanimme.
Beswieren
bewurkje seksjeOp 29 jannewaris 2020 hat de Ried fan Steat de beswieren fan Stichting Hou Friesland Mooi, de Iselmarferiening, de Waadferiening en omwenners sûnder grûn ferklearre. Ferskate beswieren gyngen oer ljocht- en lûdoerlêst, noed foar it Iselmar en it Natura 2000-gebiet fan de Waadsee en de neidielige gefolgen fan it wynpark foar beskerme bistesoarten lykas flearmûzen en rôffûgels.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Windpark Nij Hiddum-Houw fan Wikimedia Commons. |
Wynmûneparken yn Fryslân | |
---|---|
Wynpark A7 | Wynpark Fryslân (yn oanbou) | Wynpark Nij Hiddum-Hou (yn ûntjouwing) |