Wynpark A7
Wynpark A7 is in wynmûnepark yn Fryslân oan de noardkant fan Rykswei 7 westlik fan de buorskip Harkesyl en súdwestlik fan de buorskip Kâldehuzum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wynpark waard op 7 maaie 2009 iepene troch minister fan VROM Jacqueline Cramer.
It park bestiet út fjouwer yn in rjochte line sette wynmûnen mei in mêsthichte fan 78 meter. Wynpark A7 wie de ferfanging fan tolve ferâldere, ferspraat steande twawjukkers dy't yn de jierren 1980 by de kop fan de Ofslútdyk delset waarden. De âlde mûnen wekken enerzjy op foar 850 húshâldings; it nije park kin enerzjy foar 10.000 húsgesinnen leverje.
-
Trije fan de fjouwer wynmûnen by de A7 del.
-
Wynpark A7 mei parkearplak Wildinge en begeliedend fytspaad
Wynmûneparken yn Fryslân | |
---|---|
Wynpark A7 | Wynpark Fryslân (yn oanbou) | Wynpark Nij Hiddum-Hou (yn ûntjouwing) |