Wynmûnepark
In wynmûnepark, wynmolepark of wynpark (yn it Ingelsk: Wind farm) is in samling fan trije of mear wynturbinen ornearre om wynenerzjy op te wekjen. Wynmûneparken kinne yn grutte ferskille. Sa binne der parken mei in stikmannich wynmûnen en parken mei hûnderten wynmûnen. Der wurdt in grut ûnderskie makke tusken wynmûneparken op lân (onshore) en wynmûneparken op see (offshore).
Wynmûneparken komme in soad foar yn de Feriene Steaten, Jeropa, Sina en Yndia. It grutste wynmûnepark op lân is de Gansu Wynmûnepark yn Sina mei in fermogen fan likernôch 8.000 megawatt, mei de bedoeling om 20.000 megawatt te berikken yn 2020. Yn desimber 2020 wie de Hornsea Wind Farm yn it Feriene Keninkryk mei in fermogen fan 1.218 megawatt it grutste wynmûnepark op see. De grutte fan de yndividuele wynturbinen nimt stadichoan ta om mear enerzjy op te wekjen. Dêrtroch binne der minder wynturbinen nedich om itselde fermogen op te wekjen.
Om't wynmûneparken gjin branje nedich binne, hawwe se minder ynfloed op it miljeu as oare foarmen fan it opwekjen fan enerzjy. Der is lykwols genôch krityk op bygelyks harren ynfloed op it lânskip en op it útsicht - hoarizonfersmoarging. Om goed te funksjonearjen moatte wynturbinen fier genôch faninoar ôf stean en dêrmei steane se dus suver ferspraat oer it plattelân, itjinge liede kin ta "yndustrialisaasje fan it plattelân", gefolgen foar de habitat fan bisten en it ôfnimmen fan it toerisme. Guon tinke sels dat wynmûnen ynfloed hawwe op de sûnens fan de minske; lykwols, de measte ûndersikers wize dat ôf en neame soks pseudowittenskip - wynturbinesyndroom.
Untwerp en lokaasje
bewurkje seksjeDe lokaasje fan in wynmûnepark komt noch al krekt om in sa goed mooglik rendemint te heljen. Fan belang binne: plak mei in soad wyn, tagong ta it elektrysk net, tagong ta it park sels en pleatslike stroomprizen.
Mei in hurde trochsneed wynfaasje sil in wynturbine mear enerzjy opwekje, dus plakken mei yn trochsneed in soad wyn binne gaadlik foar ûntjouwings fan wynmûneparken. Dêr stiet foaroer dat by sterke wynpûsters en turbulinsje sterkere, en dus djoerdere, wynturbinen nedich binne. Dêrom wurdt der dan ek wol de foarkar oan jûn en sykje plakken mei in konstante wyn mei lege turbulinsje.
Om in plak mei konstante wyn te sykjen is in plak nedich mei min mooglik behinderings, sa as bergen, beammen, gebouwen, ensfth. Flak lân is dêr dus gaadlik foar. De wynfaasje is lykwols heger op hegere plakken. Op hûnderten meters boppe seenivo nimt de wynkrêft lykwols ôf omreden de tinnere luchtdruk.
Berchpassen waarden gauris brûkt foar it oanlizzen fan wynmûneparken, benammen yn de Feriene Steaten. De bergen foarmje in lijte foar de wyn dy't oer de berchpassen en troch dellings en kleauwen hinne sûgd wurdt. Dêrom is der gauris hurde wyn op dy plakken en binne dus gaadlik foar wynmûneparken. Yn de 1980-er jierren binne der yn de Feriene Steaten, benammen yn Kalifornje, in soad parken mei hûnderten wynturbinen op berchpassen boud. Fan dy wynmûneparken hawwe ûntwikkelers in soad oer de effekten fan turbulinsje en de ôfstân tusken de turbinen leard, dy't earder noch net ûndersocht waarden.
Hjoed-de-dei wurde plakken fûn troch middel fan in wynatlas, dêr't plakken fûn wurde kinne mei yn trochsneed in soad wyn. Op de lokaasje dy't fûn wurdt, wurde de wynfaasje en rjochtings metten mei anenometers en wynwizers. It sammeljen fan de ynformaasje fan in spesifyk plak duorret likernôch in jier en is fan krúsjaal belang om te bepalen om in projekt te finansierjen.
Wichtich yn it ûntwerp fan in wynmûnepark is de ôfstân tusken de turbinen. Hoe tichter se byinoar stean, hoe mear se in behindering fan inoar foarmje. Derfoaroer stiet dat mei de gruttere ôfstannen tusken de turbinen, mear lân, paden en kabels nedich binne. Dêrtroch ferskille de grutte fan de wynmûnen it park. Oer it algemien wurdt der foar in ôfstân fan seis kear de rotordiameter fan in turbine tusken de turbinen oanrekomandearre. By in rotordiameter fan 80 meter is de ôfstân tusken twa wynturbinen dus 480 meter.
Troch skaalfergrutting en oantal falle wynmûnen hieltyd mear op yn it lânskip. Yn Nederlân stie yn de 1970-er en 1980-er jierren hjir en dêr in wynmûne, almeast by in pleats. De hichte foel doe noch net sa op en waard suver as in part fan it lânskip sjoen. Fan 1975 ôf is de trochsneed mêsthichte tanommen fan likernôch tweintich meter oant fan guon wol hast twahûndert meter, dus heger as de Avérotoer yn Ljouwert.
Mei it heger wurden fan de turbinen wurdt erkend dat wynnmûneparken selsstanige lânskiplike eleminten binne, dy't dus ek yn it lânskip ynpast wurde moatte. Plannen foar wynmûneparken, dy't it lânskip fan in streek dominearje sille, krije dan ek wol in soad tsjinstân fan pleatslike bewenners.
Foarbylden fan patroanen om turbinen del te setten binne:
Finansiering
bewurkje seksjeWynmûneparken wurde finansiere troch inkelde grutte ynvestearders of troch in projektfinansiering, dêr't troch it stiftsjen fan in closed-end fund de ynvestearders as oandielhâlders mei eigen kapitaal, dy't almeast mei in bankliening garandearre wurdt, finansiere. Ynvestearders besteane út gewoane boargers, dy't gauris yn in BV as oandielhâlders yn in wynpark ynvestearje en grutte ynvestearders sa as banken en ynternasjonale konserns dy't yn wynparken op see ynvestearje.
Op lân
bewurkje seksjeIt earste wynmûnepark yn de wrâld waard yn desimber 1980 yn it suden fan de Amerikaanske steat New Hampshire boud en bestie út tweintich turbinen mei in totaal fermogen fan 0,6 megawatt.
Wynmûnepark | Fermogen (yn megawatt) |
Lân |
---|---|---|
Gansu | 7.965 | Sina |
Zhang Jiakou | 3.000 | Sina |
Urat Zhongqi, Bayan Nur | 2.100 | Sina |
Hami Wind Farm | 2.000 | Sina |
Damao Qi, Baotou City | 1.600 | Sina |
Alta Wind Energy Center, Kalifornje | 1.547 | Feriene Steaten |
Windpark Jaialmer | 1.064 | Yndia |
Fosen Wind | 1.057 277 turbinen |
Noarwegen |
Western Spirit, Nij-Meksiko | 1.050 | Feriene Steaten |
Hongshagang, Minqin County | 1.000 | Sina |
Kailu, Tongliao | 1.000 | Sina |
Chengde | 1.000 | Sina |
Shepherds Flats Wind Farm, Oregon | 845 | Feriene Steaten |
Roscoe Wind Farm, Teksas | 782 | Feriene Steaten |
Horse Hollow, Teksas | 736 | Feriene Steaten |
Tehachapi Pass, Kalifornje | 690 | Feriene Steaten |
Capricorn Ridge, Teksas | 663 | Feriene Steaten |
San Gorgonio Pass, Kalifornje | 619 | Feriene Steaten |
Altamont Pass, Kalifornje | 606 | Feriene Steaten |
Fowler Ridge, Indiana | 600 | Feriene Steaten |
Fântânele-Cogealac | 600 | Roemeenje |
Sweetwater, Teksas | 585 | Feriene Steaten |
Zarafara | 545 | Egypte |
Fan wynmûneparken op lân yn heuvel- en bercheftige geaen wurde de turbinen ornaris op heuvel- of berchrêgen trije kilometer fan de kust ôf pleatst. Dat wurdt dien om de measte wyn op te fangen, om't dy oer in heuvel- of berchrêch tanimt. Dêrtroch kin der mear enerzjy opwekke wurde. De pleatsing fan de turbinen komt tige krekt, want in ferskil yn 30 meter kin de opbringst ferdûbelje. Dat krekte pleatsen wurdt wol micro-siting neamd.
Op see
bewurkje seksjeJeropa stiet boppe-oan wat wynenerzjy op see oanbelanget. It earste wynmûnepark op wetter, wie Vindeby yn Denemark dy't yn 1991 boud waard. Yn 2010 wiene der 39 wynmûneparken yn it wetter foar de kusten fan Belgje, Denemark, Dútslân, Feriene Keninkryk, Finlân, Ierlân, Nederlân, Noarwegen en Sweden mei in totaal fermogen fan 2.396 megawatt. Yn 2020 wie de Hornsea Wind Farm yn it Feriene Keninkryk it grutste wynmûnepark op see yn de wrâld mei in fermogen fan 1.218 megawatt. Walney Wind Farm, ek yn it FK, is de twadde mei in fermogen fan 659 megawatt. Projekten op see yn Jeropa, dy't mear as 100 gigawatt leverje moatte, binne foarsteld of yn ûntwikkeling. De European Wind Energy Association hat it doel en meitsje 40 gigawatt dien yn 2020 en 150 gigawatt yn 2030.
Om't der op see gjin behinderings foar de wyn binne sa as op it lân, is de trochsneed wynfaasje ornaris heger op it wetter as op it lân. Dêrmei is it fermogen fan wynmûneparken op see ek heger as dy op lân.
Wynmûnepark | Fermogen (yn megawatt) |
Lân | Turbinen & model | Oplevere |
---|---|---|---|---|
Hornsea Wind Farm | 1.218 | Feriene Keninkryk | 174 × Siemens SWT-7.0-154 | 2019 |
Walney Wind Farm | 659 | Feriene Keninkryk | 47 x Siemens Gamesa 7 MW, 40 x MHI Vestas V164 8.25MW | 2012 |
London Array Wind Farm | 630 | Feriene Keninkryk | 175 × Siemens SWT-3.6 | 2013 |
Gemini | 600 | Nederlân | 150 × Siemens SWT-4.0 | 2017 |
Greater Gabbard wind farm | 504 | Feriene Keninkryk | 140 × Siemens SWT-3.6 | 2012 |
Anholt | 400 | Denemark | 111 × Siemens 3.6-120 | 2013 |
Bard Offshore 1 | 400 | Dútslân | 80 × BARD 5.0 | 2013 |
Rampion Wind Farm | 400 | Feriene Keninkryk | 116 x Vestas V112-3.45MW | 2018 |
Thorntonbank | 325 | Belgje | 6 × REpower 5MW en 48 × REpower 6.15MW |
2013 |
Sheringham Shoal | 315 | Feriene Keninkryk | 88 × Siemens 3.6-107 | 2012 |
Thanet | 300 | Feriene Keninkryk | 100 × Vestas V90-3MW | 2010 |
Fierders binne der plannen foar de Hollânske kust, boppe de Waadeilannen en yn de Dútske Bocht in stikmannich wynmûneparken te bouwen. Ek op de Doggersbank, op de grins fan de Britske, Deenske, Dútske en Nederlânske parten fan de Noardsee, binne plannen foar in keunstmjittich eilân fan guon kante kilometer om fan dêrút in wynmûnepark te bouwen. It park moat in totaal opwekkingsfermogen fan 9.000 megawatt opsmite.
Yn Fryslân
bewurkje seksjeYn Fryslân binne der trije wynmûneparken:
- Wynpark A7 mei 4 turbinen en in fermogen fan 8 megawatt.
- Wynpark Fryslân, dy't yn oanbou is en mei 89 turbinen in fermogen fan 382 megawatt leverje moat.
- Wynpark Nij Hiddum-Hou, dy't yn oanbou is en mei 9 turbinen 42 megawatt leverje moat.
Wynpark Gemini leit yn de Noardsee en bestiet út twa parten. It iene part leit boppe It Amelân en it oare part likernôch 55 km noardlik fan Skiermuontseach.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en literatuer sjoch: |
Wynmûneparken yn Fryslân | |
---|---|
Wynpark A7 | Wynpark Fryslân (yn oanbou) | Wynpark Nij Hiddum-Hou (yn ûntjouwing) |