Wolsum is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdeastlik fan Boalsert. Under Wolsum falle de buorskippen Wolsumerketting, Ytsum, Fiifhûs, Jouswert, Remswert en Laerd en Saerd (foar in part). Troch Wolsum rint de wei Remswert - Blauhûs dy't yn 1989 opknapt is. Sûnt dy tiid is der ek in fytspaad nei Boalsert.

Wolsum
Sicht op Wolsum
Sicht op Wolsum
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 150 (1 jannewaris 2023[1]
Oerflak 5,01 km² (4,89 km² lan, 0,12 km² wetter)
Befolkingsticht. 30 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 2' NB, 5° 33' EL}
Kaart
Wolsum (Fryslân)
Wolsum
Kaart
Sicht op Wolsum
De himrik fan Wolsum (grien) yn de eardere gemeente Wymbritseradiel
Wolsum doetiids
De tsjerke fan Wolsum yn 2014

Wolsum hat 150 ynwenners (1 jannewaris 2023)[2]

Namme bewurkje seksje

It doarp komt yn 1404 foar as Wilzen, yn 1482 as Wilsum, yn 1502 as Wolsimma gaed, yn 1505 as Wolsum. De namme betsjut sokssawat as "hiem" fan de persoan "Willa".[3]

Skiednis bewurkje seksje

It doarp is yn de Midsiuwen ûntstien yn de noardwesthoeke fan de gritenij Wymbritseradiel súdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten ûntsletten nei de Wimerts. Op de betiidste ôfbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1664 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dêr yn steane pleatsen dy’t bytiden ta in buorskip konsintrearre binne.

De 'Tegenwoordige Staat van Friesland' skreau yn 1788: Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {…} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.
De buerten besteane noch altyd en by de brêge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting ûntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1851 steane trije huzen, wêr’t de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer Kettinghûs fermelde. Yn Fiifhûs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane út buorkerijen. Yn it midden fan de 19e iuw steane yn de buorren fan it doarp alve huzen en efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.

Tsjerke bewurkje seksje

De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsiuwske foargonger te ferfangen dy’t oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rûnbôgefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt ôfdekt troch in rûnbôgefries. Yn de tsjerke stiet in 17e iuwske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dûbele galmgatten. Yn de toer hinget in liedklok út de 15e iuw.

Mienskip bewurkje seksje

Doarspshûs it Wilsumhûs is yn 1986 troch de bewenners opknapt. De bern geane nei de skoallen yn de omkriten fan it doarp.

Eveneminten bewurkje seksje

Elts jier yn maart is der it feest Rock by Rein

Befolkingsferrin bewurkje seksje

1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2013 2023
92 283 237 221 173 150 145 130 150

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)

Ferneamde Wolsumers bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

  • De Pôle -
  • Fiifhûs - buorskip Fiifhûs
  • Jouswerterdyk - dyk nei Jouswert
  • Laerd en Saerd - buorskippen Laerd en Saerd
  • Nijewei -
  • Remswerterleane -
  • Skoallepaad -
  • Wolsumer Ketting - buorskip Wolsumerketting
  • Wolsumerwei -

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. CBS:Statline
  2. CBS:Statline
  3. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard. www.etymologiebank.nl (2018).
  • Oer Wolsum
  • Gerben Obes Posthumus - Eat oer de skiednis fan de pleatsen fan Wolsum (1982)

 
Súdwest-Fryslân
 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje