De Wimerts (Wâldsein)
De Wimerts is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân tusken Wâldsein en Nijesyl. It noardlike diel hjit Wide Wimerts en it súdlike stik Nauwe Wimerts. De feart Nijesyl - Boalsert wurdt ek wol Wimerts neamd. Yn 2007 wurde de ouwers fan de Wide Wimerts natoerfreonliker makke tusken Heech en Drylts.
Sûnt 15 maart 2007 is de offisjele namme fan it wetter De Wimerts, foarhinne Wijmerts of Bolswarderzeilvaart.