De Hel
De Hel is in buorskip fan in pear pleatsen yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn It Heidenskip oan it Helspaad yn de Helpolder. De namme komt ek foar as Kleine Hel of Hol. Oare nammen binne 'Grutte Hel' en 'Reade hel'.
De Hel leit oan de westlike râne fan it doarpke It Heidenskip. Eartiids wie der ek in Lytse hel yn de krite It Heidenskip, mar de lêste pleats dêrfan waard yn 1907 sloopt. Oer de oarsprong fan de plaknamme binne mear as ien ferklearrings. It kin wize op de hichte dêr't er op leit, fan it Aldfryske wurd hil. It soe ek wize kinne op sompich lân of ferwize kinne nei it plak dêr't turf drûge waard, dat hellen neamd waard.
De Hel hie lang in oantal winkels, de Heidenskipsters gienen dan ek te winkeljen yn De Hel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|