Boalsert (gemeente)

Boalsert (Nederlânsk en offisjeel: Bolsward) is in eardere gemeente yn it westlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Dizze gemeente omfieme inkeld de stêd Boalsert mei syn histoaryske klokslach. De gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 9.916 minsken, en besloech in oerflak fan 9,42 km², wêrfan 0,3 km² wetter.

Boalsert
Bolsward Stadhuis 1.jpg
It monumintale Stedhûs fan Boalsert.
flagge wapen
Bolsward flag.svg Bolsward wapen.svg
Wapen fan Boalsert
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0064 (2009).svg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Boalsert
grutste plak Boalsert
ynwennertal 9.916 (2010)
befolkingstichtens 1.052,7 / km²
oerflak 9,42 km²
● wêrfan lân 9,13 km²
● wêrfan wetter 0,29 km²
tal stêden 1
tal doarpen 0
ferkearsieren A7, N359
skiednis
oprjochte 1455
opheft 2011
opgien yn Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
no part fan Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
oar
netnûmer 0515
postkoade 8700–8702
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.bolsward.nl
1rightarrow.png Dizze side giet oer de eardere gemeente Boalsert. Foar de stêd, sjoch: Boalsert.

SkiednisBewurkje

De stêd Boalsert krige yn 1455 stedsrjochten, wat beskôge wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It wie ien fan 'e Hânzestêden, sa't noch oan 'e flagge te sjen is.

De gemeentlike weryndieling fan 1984 gie oan Boalsert foarby om't de gemeente doe krekt omtrint it minimumoantal fan 10.000 ynwenners hie. Op 1 jannewaris 2011 gie de gemeente Boalsert lykwols by in nije gemeentlike weryndieling yn 'e mande mei de gemeenten Nijefurd, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel op yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

KultuerBewurkje

Yn Boalsert waard njonken Frysk en Nederlânsk ek in Stedsk dialekt sprutsen, it Boalsertersk.

Tsjintwurdich fynt yn Boalsert de start plak fan 'e Alvestêdetocht op de fyts. Fierders stiet de stêd bekend om û.m. de Heamieldagen en Bolletongersdei.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

 
De Appelmerk (strjitte) yn Boalsert.
Foto: Tage Olsin.
 
             Provinsje Fryslân
 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)