Gerben Rypma Stifting

De Gerben Rypma Stifting, oprjochte yn 2001, jout omtinken oan it skilder-, teken- en skriuwwurk fan Gerben Rypma (1878 – 1963). Se docht dit middels ynventarisaasjes, útstallings en it byhâlden fan inrom argyf. Ek sil der jierliks in kultureel barren organisearre wurde.

Ienris yn it jier krije freonen en stipers de Nijsbrief. Hjiryn steane ferslaggen fan de aktiviteiten, beskriuwings fan keunsttetoanstellings. Gedichten fan Gerben Rypma fleurje de tekst op.

Yn novimber 2010 ferskynde it boek Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús, skreaun troch Eeltsje Hettinga. It bestiet út in lytse biografy oer de skilder-dichter Gerben Rypma. It boek is rynsk yllustrearre mei foto’s, skilderijen en sketsen fan Gerben Rypma.

De Gerben Rypma Stifting hat ek in eigen útjouwerij, dy't de namme Utjouwerij DeRyp draacht.

Besittingen Gerben Rypma Stifting

bewurkje seksje
  • Boeken Ik haw myn dreamen hawn en fragen fersen fan Gerben Rypma. Earste printinge 1965 mei ynlieding fan Jan Tjittes Piebenga. Twadde printinge 1994 mei ynlieding fan Teije Brattinga.
  • Skilderij ‘skûtsjes' ( 80x50sm), restaurearre 2002.
  • Akwarel mei kij (25x25)
  • 4 Skilderijen Kij tsjerke en skûtsjes krigen fan in Kanadeeske emigrant
  • Tekst ‘'Oan de Brek in Dei , fan Tsjêbbe Hettinga.
  • Skripsje ‘de bruorren Johannes en Gerben Rypma' troch Liskje Flapper
  • Klisjees fan tekenwurk

Keppeling om utens

bewurkje seksje