Eeltsje Hettinga
Eeltsje Hettinga (Burchwert, 9 febrewaris 1955) is in Fryske skriuwer en dichter. Hy publisearre de poezijbondels: 'Akten fan Winter', 'Dwingehof' en 'Yn 'e fal fan jûn'. De lêste skreau er tegearre mei Eric Hoekstra ûnder it pseudonym Hu Thung-song. Foar 'Akten fan winter' krige Hettinga yn 1999 de Fedde Schurerpriis. Hettinga wie ek de driuwende krêft efter it Frysk-literêre ynternettydskrift Kistwurk. Eeltsje Hettinga wie de earste Dichter fan Fryslân (2017-2019). Foar de gedichten dy't er yn dy jierren skreaun waard him de Gysbert Japicxpriis 2021 takend.
Eftergrûn
bewurkje seksjeHoewol't Eeltsje Hettinga nei de Pedagogyske Akademy yn Ljouwert gie en boppedat in oplieding ta learaar Nederlânsk folge, keas hy foar de sjoernalistyk. Yn it earstoan wie hy redakteur fan it wykblêd De Nije, mar yn 1983 waard hy selsstannich sjoernalist, en siet dêrom fiif jier yn de Feriene Steaten. Hy is ynteressearre yn byldzjende keunst. Hettinga is in jongere broer fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga.
Dichter
bewurkje seksjeHettinga debutearre yn 1987 as dichter yn it literêre tydskrift Trotwaer, in tydskrift wêryn't hy jierrenlang publisearje soe, krektas yn ûnder oare it blêd Hjir. Foar fjouwer fan syn fersen waard hy ûnderskieden mei in Rely Jorritsmapriis (yn 1988, 1991, 1994 en 1997). Ek waard in fers fan him opnomd yn de blomlêzing Spegel fan de Frysk poëzij fan de 17e iuw oant hjoed (1994) fan Teake Oppewal en Pier Boorsma. Pas yn 1998 kaam lykwols syn earste dichtbondel út, Akten fan winter, wêrfoar't him in jier letter de Fedde Schurerpriis takend waard. Akten fan winter waard troch kritisy goed ûntfongen, benammen om de sterke ienheid fan foarm, taal en tematyk. Ek Hettinga's twadde dichtbondel Dwingehôf (2000) krige positive resinsjes: Abe de Vries fûn it ien fan de grutte dichterlike prestaasjes yn it neioarlochske Fryslân. De Vries beskriuwde yn syn resinsje Hettinga's tematyk as "in persoanlike mytology fan ferline, oantinkens en dea".
Tegearre mei de taalkundige/dichter Eric Hoekstra publisearre Hettinga yn 2002 ûnder it pseudonym Hu-Thung-song in bondel gedichten yn Sineeske styl, Yn 'e fal fan 'e jûn. Hettinga, troch sommigen wol beskôge as it enfant terrible fan de Fryske literatuer, sei oer dizze bondel: "Literatuer is foar in part ek in grap. Sels josels moatte jo sa no en dan foar gek sette".
Yn 2006 ferskynde Hettinga's tredde bondel, Apreos, wêryn't hy him ynspirearje liet troch keunstners as Edward Hopper, Elmar Kuiper en benammen troch de Grinzer skilder Siep van den Berg.
Eeltsje Hettinga waard 24 novimber 2017 yn Balk beneamd ta de earste Dichter fan Fryslân. Dat wie er oant 21 novimber 2019 en er opfolge waard troch Nyk de Vries.
Oersetter
bewurkje seksjeHettinga sette wurk oer fan ûnder oare Ingeborg Bachmann, Georges Bataille, Slauerhoff en Tomas Tranströmer yn it Frysk. Ek wie hy ferantwurdlik foar de einredaksje fan Der is gjin dêr, dêre (2003) fan Ronald Giphart, dat yn it Nederlânsk skreaun waard, mar net yn dy taal publisearre waard.
Oare aktiviteiten
bewurkje seksjeYn febrewaris 2002 rjochte Hettinga tegearre mei Elske Schotanus de Stifting Cepher op, in organisaasje dy't it befoarderjen fan [Fryske) letterkunde, literatuer en sjoernalistyk as doel hat. Hettinga wie de driuwende krêft efter ynternettydskrift Kistwurk (2000-2003), ien fan de projekten fan Cepher. Hy wie ek anneks by twa publikaasjes fan dizze stifting, de gedichtenbondels Wrâld, finster, gedicht (2003) en de trijetalige publikaasje gjin Grinzen, de Reis / geen Grenzen, de Reis / no Borders, the Voyage (2004). Sûnt 2005 is Hettinga redaksjelid fan it ynternettydskrift GO-GOL, in oar projekt fan Cepher. Ek begeliedet er begjinnende dichters.
Hettinga wie de oprjochter fan it (net mear besteande) ienmans-ynternettydskrift Erosmos.
Wichtichste publikaasjes
bewurkje seksjePoëzij
bewurkje seksje- 1998: Akten fan winter
- 2000: Dwingehôf
- 2002: Yn 'e fal fan jûn (mei Eric Hoekstra, ûnder it pseudonym Hu Thung-song)
- 2006: Apreos
- 2012: Ikader (nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013)
- 2013: De Wetters / De wateren
- 2016: It Font, fideopoëzyprojekt i.g.m fideokuenstenaar Lotte Middendorp. De produksje fan tolve poëzyfilms, ta sân kaam mei stipe fan it Nederlands Letterenfonds. It Font wie te sjen by de Frankfurter Buchmesse, Fries Museum en Museum Belvédère.
- 2017: SeeWegen (poëzy-ynstallaasje yn Tresoar, byldwurk - njoggen skilderijen - fan Machteld van Buren)
- 2018: De hannen de doeken, cahier, in twatalige útjefte mei in skilderij fan Christiaan Kuitwaard. Untwerp en foarmjouwing Monique Vogelsang, Nederlânske oersetting Elske Schotanus.
- 2019: Nachtspraak, twatalige útjefte, mei in ynliedend essay fan Eeltsje Hettinga. Byldwurk Anne Feddema. Oersetting Elske Schotanus. Foarmjouwing Richard Bos. Utjouwerij Perio.
- 2021: De Hôven, mei tekeningen fan Elske Schotanus (útjûn as leporello, harmoanikaboek).
- 2021: Au Musée, poëzykassette, mei magneetbân. Twaentfjirtich gedichten. Byldwurk Machteld van Buren.
Oar wurk
bewurkje seksje- 1994: Abe Gerlsma (monografy oer dizze keunstner)
- 2003: Slauerhoff (gedichten fan Slauerhoff, oersetten troch Eppie Dam, Abe de Vries en Eeltsje Hettinga, ynlieden troch Eeltsje Hettinga)
- 2003: einredaksje fan Der is gjin dêr, dêre fan Ronald Giphart
- 2003: Wrâld, finster, gedicht Ynl. en gearstalling Eeltsje Hettinga (blomlêzing)
- 2004: Gjin grinzen, de reis / Geen grenzen, de reis / no borders, the voyage, Inl. en gearstalling, Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus (blomlêzing)
- 2007: Albert Oost, schilderijen 2005 - 2006, tegearre mei Han Steenbruggen.
- 2008: De leugen op 'e dyk : oer de blomlêzing Het goud op de weg : in krityk, in pleit = De leugen op de weg : over de bloemlezing Het goud op de weg : kritiek en pleidooi.
- 2010: Gerben Rypma, biografy; Gerben Rypma Stifting, Blauhús.(biografy)
- 2012: De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018 (pamflet)
- 2014: Libje yn liende tiid (teksten oer byldzjend keunstner Sies Bleeker, tegearre mei Willem Winters)
- 2016: It Font, leporello mei it twatalige gedicht In spegel de see / The sea a mirror en seis stills út het fideopoëzyprojekt It Font. Untwerp en foarmjouwing leporello Gert Jan Slagter, Ingelske oersetting David Colmer, Utjouwerij. Museum Belvédère i.g.m. Fries Museum.
- 2019: Ryzji yn it Frysk, gedichten fan Boris Ryzji, Fryske oersetting Eeltsje Hettinga, redaksje Elske Schotanus. Ynliedend essay Eeltsje Hettinga. Byldwurk Jochem Hamstra. Untwerp en foarmjouwing Monique Vogelsang. Utjouwer: melklokaal (blomlêzing)
Prizen
bewurkje seksje- 1988: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Ofskied
- 1991: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Nacht oer Greonterp
- 1994: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht It hinnekleed fan winter
- 1997: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De Woldberch
- 1999: Fedde Schurerpriis foar de gedichtebondel Akten fan winter
- 2021: Gysbert Japicxpriis foar de gedichten dy't er as Dichter fan Fryslân tusken 2017 en 2019 skreau
Nominaasjes
bewurkje seksje- 2013: Ikader, nominearre foar Gysbert Japicxpriis
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |