Jan Jacob Slauerhoff
Jan Jacob Slauerhoff (Ljouwert, 15 septimber 1898 – Hilfertsom, 5 oktober 1936) wie in wichtich Nederlânsk dichter en romanskriuwer fan it ynterbellum. Hy publisearre altiten ûnder de skriuwersnamme J. Slauerhoff, hoewol't nei syn dea somtiden wurk ferskynd is ûnder oare nammefarianten, sa as bygelyks J.J. Slauerhoff.
Jan Jacob Slauerhoff | ||
skriuwer | ||
Jan Jacob Slauerhoff | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | John Ravenswood | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 septimber 1898 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 5 oktober 1936 | |
stjerplak | Hilfertsom | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | proaza, poëzy | |
streaming | Neoromantyk en fitalisme | |
bekendste wurk(en) |
Schuim en asch (1930), Het verboden rijk. Soleares (1933) | |
prizen | C.W. van der Hoogtpriis 1934 | |
jierren aktyf | 1921 - 1936 |
Biografy
bewurkje seksjeJonkheid (1898-1910)
bewurkje seksjeOp 15 septimber 1898 waard Jan Jacob Slauerhoff, as fyfde fan seis bern, berne yn in protestânsk middenstânsfermidden yn Ljouwert. Hy hie êst fan astmaoanfallen en om syn klachten te ferlichtsjen gie elts jier in stikmannich moannen útfanhûs nei Flylân by famylje fan memmekant.
Middelbere-skoaltiid en stúdzje (1910-1923)
bewurkje seksjeSlauerhoff gong nei de HBS yn Ljouwert; yn 1916 ferhuze er nei Amsterdam om genêskunde te studearjen. Yn syn studintetiid krige er kunde oan Simon Vestdijk, en skreau er syn earste gedichten, dêr't in pear fan yn it studinteblêd Propria Cures publisearre waarden. Yn 1919 ferlooft er him mei Truus de Ruyter, in studinte Nederlânsk. Slauerhoff die net mei oan it konvinsjonele studintelibben, mar in bohemienysk, wat ôfstanlike posysje, hie er leaver. Syn foarbylden wienen de Frânske symboalyske dichters Baudelaire, Verlaine, Corbière en Rimbaud.
Fan 1921 ôf publisearre Slauerhoff syn earste "serieuze" gedichten yn it literêre tydskrift Het getij. Syn earste gedichtebondel, Archipel, folge yn 1923. Ek yn dy snuorje ferbriek er syn ferloving mei De Ruyter. Itselde jier studearre er ôf.
Yn dy tiid kaam er ek geregeldwei yn Jorwert, dêr't er kunde hie oan de dûmnyshûshâlding Hille Ris Lambers. Syn mear as sjochtweihinne gefoelens foar de âldste dochter Helen is yn syn dichtwurk werom te finen.
Skipsdokter (1923-1929)
bewurkje seksjeMeidat er net folle freonen, mar wol fijannen, makke hie yn rûnten fan genêskundigen, foel it net ta om in fatsoenlike oanstelling as dokter te krijen yn Nederlân. It die him besluten om skipsdokter te wurden by in rederij dy't op Nederlânsk-Ynje farde. Syn swakke sûnens spile fuortendaliks op: op syn earste reis krige er in mageblieding en astma-oanfallen. Slauerhoff gie werom nei Nederlân en waard waarnimmer yn in tal dokterspraktiken, ûnder oaren by dokter Bremer yn Beetstersweach.
Neidat er in skoft in praktyk mei in toskedokter yn Haarlim hân hie, monsterde er wer oan by in oare, de Java-China-Japanlijn, dy't him yn it Fiere Easten bedarjen die. Under dit kontrakt (oant 1927), makke er reizen nei Sina, Hongkong en Japan.
Yn 1928 kaam Slauerhoff yn tsjinst fan de Koninklijke Hollandsche Lloyd en makker er in oantal reizen nei Latynsk-Amearika. Syn sûnens ferbettere en syn literêre produksje naam derneffens ta: oant 1930 publisearre er seis gedichte- en twa ferhalebondels. Dit wie mei te tankjen oan ien fan syn freonen, de skriuwer en literatuerkritikus Eddy du Perron, dy't him yn 1929 holp mei it oarderjen, korrizjearjen en bondeljen fan in grutte poarsje teksten; Slauerhoff wie doe in skoft yn it Belgyske bûtenhûs fan de Du Perrons.
Werom oan de wâl (1929-1932)
bewurkje seksjeFan 1929 ôf wie Slauerhoff wer faker yn Nederlân. Hy wie ûnder oaren in skoftke assistint oan de klinyk foar Dermatology en Geslachtssykten fan de Ryksuniversiteit Utert. Septimber 1930 troude er mei dûnseres en balletskoalhâldster Darja Collin, wat it begjin wie fan in (koarte) lokkige perioade yn Slauerhoffs libben.
Yn 1931 krige Slauerhoff de gryp en in longûntstekking), en hy ferfear nei it Italjaanske Merano om dêr te kueren. Syn frou folge him yn 1932, sadat sy tegearre de berte fan har earste bern meimeitsje koenen. It bern waard lykwols dea berne wat in swiere depresje by Slauerhoff feroarsake; in ekstra desyllúzje boppe op syn swakke sûnens.
Op 'en nij farre (1932-1935)
bewurkje seksjeLetter yn 1932 meunstere Slauerhoff wer oan, no by de Holland-West-Afrikalijn. Syn minne sûnens bleau him yn de wei sitten dat hy tocht deroer om nei Noard-Afrika te ferhúzjen, wat better foar syn gestel wêze soe. Yn maart 1934 iepene er in praktyk yn Tanger, doetiids in ynternasjonaal protektoraat, mar yn oktober fan itselde jier wie er al wer werom yn Nederlân. De skoften dat er siik wie dourren hieltyd langer, de symptomen waarden slimmer en de ferhâlding mei Collin hie dêr flink fan te lijen.
De ein (1935-1936)
bewurkje seksjeSyn namme as skriuwer krige wilens hieltyd mear klank. De romans Het verboden rijk (1932) en Het leven op aarde (1934) waarden oeral priizge en syn gedichtebondel Soleares (1933) krige yn 1934 de C.W. van der Hoogtpriis. 1935 brocht wer inkelde seereizen, mar ek de skieding fan Collin. Op syn lêste reis, nei Súd-Afrika, waard er slim siik; hy krige malaria by in ferwaarleazge tuberkuloaze. Slauerhoff gong fannijs nei Merano om better te wurden. Mar it wie te let; siik en wol gie er yn 1936 werom nei Nederlân, dêr't er opnaam waard yn rêsthûs 'Villa Carla' yn Hilfertsom. Dêr stoar er op 5 oktober, koart nei syn 38e jierdei en trije moannen nei it útkommen fan syn lêste gedichtebondel, Een eerlijk zeemansgraf. Slauerhoff is kremearre yn it krematoarium fan begraafplak Westerveld yn Driehuis.
Bibliografy
bewurkje seksje- Archipel, (1923); (1929)
- Clair-obscur , (1926)
- Oost-Azië (1928, ûnder pseudonym John Ravenswood)
- Eldorado ,(1928)
- (fr) Fleurs de marécage, útj. A.A.M.Stols, Brussel (1929)
- Saturnus (1930, wiidweidige werútjefte fan Clair-obscur)
- Yoeng poe tsjoeng (1930)
- Serenade (1930)
- Soleares (1933)
- Een eerlijk zeemansgraf (1936)
- Verzamelde gedichten (1947)
- Al dwalend (eardere losse gedichten, 1947)
- Alleen in mijn gedichten kan ik wonen (karlêzing, 1978)
- Zeven nagelaten gedichten (Besoarge troch Kees Lekkerkerker, 1989)
- De Matroos. [De Haach], Statenhofpers, [1996].
- [Na doodstille poolnacht]. [De Haach], Statenhofpers, 1997.
- Icarus. Vier nagelaten gedichten (Besoarge troch Menno Voskuil, 2010)
- Het potlood in de hand. Vijf gedichten uit de scheepskist van J. Slauerhoff (bezorgd door Menno Voskuil, 2010)
- Chanson violette. Drie gedichten naar Albert Samain (besoarge troch Menno Voskuil, 2012)
- Tienmaal In Memoriam Patris, vertalingen van het herdenkingsgedicht van Jan Slauerhoff (Foar- en neiwurd troch Peter de Haan, 2018)
- Verzamelde gedichten (Besoarge troch Hein Aalders en Menno Voskuil, Nijgh & Van Ditmar, 2018)
- Het lente-eiland (Kau-Lung-Seu) (1930, ferhalen, sûnt 1933 werprinte as Het lente-eiland en andere verhalen)
- Schuim en asch, ferhalen,(1930)
- De erfgenaam, ferhalen, Wereldbibliotheek-Vereeniging, Amsterdam (1930, 1938)
- Het verboden rijk ,roman, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam (1932)
- Het leven op aarde roman, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam (1934)
- De opstand van Guadalajara roman, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam ([1937])
- Verzameld proza (1961)
- Verwonderd saam te zijn (1987, ferhalen [1928-1935])
- Alleen de havens zijn ons trouw (1992, reisbeskriuwings [1926-1932])
Proazafertalingen
bewurkje seksje- Ricardo Güiraldes — Don Segundo Sombra (1930, mei R. Schreuder út it Spaansk oerset)
- J.M. Eça de Queiróz — De misdaad van Pater Amaro (1932, mei R. Schreuder út it Portugeesk oerset)
- G.H. Mir — De hof der oranjeboomen (1932, mei R. Schreuder út it Spaansk oerset)
- Paulo Setúbal — Johan Maurits van Nassau (1933, R. Schreuder mei J. Slauerhoff út it Portugeesk oerset)
- Ramón Gómez de la Serna — Dokter hoe is het mogelijk (1935, út it Spaansk)
- Martín Luis Guzmán — In de schaduw van den leider (1937, mei G.J. Geers út it Spaansk oerset)
- Jules Laforgue — Hamlet, of De gevolgen der kinderliefde (1962, út it Frânsk oerset)
- Thomas Raucat — Twee verhalen (1975, út it Frânsk oerset)
Ferskaat
bewurkje seksje- Verzamelde werken (8 dielen, 1941-1958. Alle teksten fersoarge troch K. Lekkerkerker)
- Verzamelde gedichten (fersoarge troch K. Lekkerkerker), 1e pr. yn 3 dl.: Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam (1940-1941), 20e pr. Nijgh & Van Ditmar, Amsterdam (2008) ISBN 978-90-388-9067-8
- Dagboek (ed. K. Lekkerkerker, 1957)
- Slauerhoff student auteur (poëzij en proaza út de studintetiid, ed. Eep Francken et al., 1983)
- Brieven aan Hans Feriz (ed. Herman Vernout, 1984)
- Het China van Slauerhoff: aantekeningen en ontwerpen voor de Cameron-romans (ed. W. Blok en Kees Lekkerkerker, 1985)
- 1985 - Hij droeg de zee en de verte aan zich mee: de briefwisseling Dr. P.H. Ritter Jr. - J.J. Slauerhoff (1930-1936), besoarge en oantekeningen fan Jan. J. van Herpen. Utert, Hes. ISBN 90-6194-484-8.
- Van een liefde die vriendschap moest blijven (brieven, ed. H.C. ten Berge, 1992)
Biografyen e.s.
bewurkje seksje- Constant van Wessem Slauerhoff-herinneringen, Leopold, Den Haach (1938), De Vrije bladen (Jrg. 15, nr. 10)
- G.H. 's- Gravesande Bibliografie van de werken van J. Slauerhoff, Stols, Rijswyk (1940)
- Constant van Wessem Slauerhoff - een levensbeschrijving, met reproducties naar foto's en manuscripten; alsmede een bibliographie, A.A.M. Stols, Rijswijk (1940), werútj. De Haach (1979) ISBN 90-6291-030-0
- Menno ter Braak Tentoonstelling van de werken van J. Slauerhoff, ter gelegenheid van de verschijning van zijn verzamelde werken van 12 t/m 23 Maart 1940, Broese, Utert (1940)
- F.C. Terborgh Slauerhoff : herinneringen en brieven, A.A.M.Stols, De Haach (1949), 2e útj. De Bezige Bij, Amsterdam (1974)
- Arthur Lehning Brieven van Slauerhoff , A.A.M.Stols, De Haach : (1955)
- Herman van den Bergh Schip achter het boegbeeld: over het werk van J. Slauerhoff (1898-1936), L.J.C. Boucher, 's-Gravenhage (1958), werútj. Reflex, Utrecht (1979)
- C.J. Kelk Leven van Slauerhoff, Van Kampen, Amsterdam (1959), ynkoarte werútj. Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam (1971), útj. BZZTôH, De Haach (1981)
- Bert Bakker e.a. J. Slauerhoff, De Bezige Bij, Amsterdam / Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum, 's-Gravenhage (1961, 1980) ISBN 90-234-7105-9
- Willem Enzinck Jan Jacob Slauerhoff, AO-rige, útj. Stichting IVIO, Amsterdam (1961)
- (fr) Louis J.E. Fessard Jan Slauerhoff (1898-1936): l'homme et l'oeuvre , útj. A.G. Nizet, Parys (1964), Publications de l'Institut français d'Amsterdam, Maison Descartes
- Henk Povée Jan Jacob Slauerhoff, B. Gottmer, Nijmegen (1978)
- Dirk Kroon Ik had het leven me anders voorgesteld: J. Slauerhoff in vraaggesprekken en herinneringen, BZZTôH, De Haach (1981)
- Gerrit Jan Zwier Slauerhoff, útj. Educaboek, Culemborg (1984), útj. Uniepers, Amsterdam (1984)
- Martin Kageling Slauerhoff tussen mare en mythe, Nijgh & Van Ditmar, 's-Gravenhage (1986) ISBN 90-236-7785-4
- Peter Dicker Slauerhoff, slodderhoff: over de muze en de slordigheid van J.J. Slauerhoff, útj. Bosbespers, Oosterbeek (1986) ISBN 90-6366-074-X
- Gerrit Jan Zwier Het Slauerhoff jaar: een lezing gevolgd door een luisterspel, útj. Bosbespers, Oosterbeek (1987) ISBN 90-6366-075-8
- Arie Pos Van verre havens: het werk van Slauerhoff en de Chinese werkelijkheid, Nijgh & Van Ditmar, Amsterdam (1987) ISBN 90-236-7806-0
- René Zwaap Slauerhoff, útj. Passatempo Publications, Amsterdam (1990), werútj. Mets/Passatempo, Amsterdam (1991)
- Wim Hazeu Slauerhoff: een biografie, De Arbeiderspers, Amsterdam (1995, 1998)
- Etto Krijger Slauerhoff in zelfbeelden, útj. Atlas, Amsterdam (2003) ISBN 90-450-0142-X
- Hendrik Gerrit Aalders Van ellende edel: de criticus Slauerhoff over het dichterschap, útj. Rozenberg Publishers, Amsterdam (2005) ISBN 90-5170-516-6
- Nout Van Den Neste Vida Triste. Slauerhoff en de fado, Prominent, Amsterdam (2014) ISBN 978-90-79272-37-2
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Webstee fan Nynke Laverman dy't in cd makke hat mei Fryske oersettings fan Slauerhoff syn gedichten.
- Slauerhoff, in blomlêzing — in karlêzing út it wurk fan Slauerhoff.
- Slauerhoff yn de Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren.
- [1] Gerrit Jan Zwier oer Slauerhoff yn de DBNL
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory J. Slauerhoff fan Wikimedia Commons. |