Hegere Boargerskoalle

De hegere boargerskoalle; meast ôfkoarte ta H.B.S. of HBS, no ek wol stavere as hbs) wie in Nederlânske ûnderwiisfoarm foar fuortset, middelber ûnderwiis.

Eardere HBS yn Harns (2012)

Mei de ynfiering fan de Mammoetwet yn 1968 waard de hbs opfolge troch fiifjierrige havo en it seisjierrige vwo (mei dêryn de mear direkte opfolger fan de HBS, it seisjierrige ateneum, neist it fanâlds besteande gymnasium). De lêste eineksamens foar de hbs waarden yn 1974 ôfnaam.

De Hegere Boargerskoalle waard ynfierd by de Wet op it middelber ûnderwiis út 1863 fan Johan Rudolph Thorbecke. It doel wie in algemiene oplieding foar ferskate beroppen te bieden en sa jongelju út de begoedige boargerij ta te rieden op 'hegere' maatskiplike posysjes. De skoalle wie ornearre foar dat part fan de boargerij dy't gjin wittenskiplike oplieding woe, mar wol in brede algemiene ûntjouwing op priis stelde, nedich foar wichtige funksjes yn hannel en yndustry. De HBS moast trije jier duorje en wie ek bedoeld as ûnderbou foar in oantal lânbouskoallen. Op inkelde plakken moast in fiifjierrige fariant komme as tarieding op de te stiftsjen Polytechnyske skoalle yn Delft.

Yn 1864 stifte it ryk de earste Ryks HBS'en, ferskate gemeenten folgen dit foarbyld. De earste Ryks-HBS'en kamen yn Grins[1], yn Roermond[2][3] en in Tilburch[4] (alle in 1864). De Earste Gemeentlike Hegere Boargerskoalle mei in fiifjierrige kursus kaam yn De Haach yn 1865.

In de praktyk wiene der de trije- en fiifjierrige hbs. Der is ek in skoft in seisjierrige kursus west mei itselde programma as de fiifjierrige. By allegear lei de klam op wiskunde, eksakte fakken en moderne talen. De Ryks-gymnasia wienen fral yn grutte stêden, mar it Ryk stifte de hbs'en yn lytsere plakken, bygelyks yn Ter Apel en Zierikzee. Oars as ferwachte waard frak de 5-jierrige hbs in súkses, de 3-jierrige hbs waard foar it meastepart ferdrongen troch de mulo, dêr't yn flouwer jier deselde stof ûnderrjochte waard. Boppedat joech it oergongsbewiis nei de fjirde klasse deselde rjochten as it eineksamen trijejierrige.

It ûderwiis oan de hbs waard meast jûn troch akademysk foarme en promovearre leararen, dy't lykwols lange tiid gjin didaktysk ûnderrjocht hân hienen. Famkes waarden fan 1871 ôf talitten, mar hienen permysje fan de minister nedich; earst nei 1906 hienen hja frij tagong.

Fan 1909 ôf waarden in protte hbs'en opgenomen yn lycea opnaam, sadat it kiezen tusken hbs en gymnasium ien of twa jier útsteld wurde koe.

Yn 1917 waard de 5-jierrige hbs as tariedingsskoalle foar de eksakte universitêre rjochtingen offisjeel erkend.
Yn 1924 waard de besteande hbs omgedoopt yn hbs-b mei klam op wis- en natuerkunde en waard as opgolger fan de Hannelsskoalle de literêr-ekonomyske hbs-a opset, dêr't ekonomy en moderne talen it wichtichst wienen. Nei it tredde jier moast de kar makke wurde. In 1937 krige ek de hbs-a stúdzjerjochten foar de universiteit.

Talittingseksamen

bewurkje seksje

Learlingen fan de sechde klasse fan de legere skoalle moasten in talittingseksamen dwaan foar hbs, gymnasium of lyceum.Eltse middebere skoalle hie in eigen talittingseksamen; somtiden organisearre skoallen út ien plak meiinoar it talittingseksamen. Nei de Earste Wrâldkriich skafte minister de Visser it talittingseksamen foar de hbs ôf. It waard lykwols tsien jier letter wer ynfierd doe't de hbs te folle learlingen fan te leech nivo oan oanluts. Dêr waard de tafloed fan learlingen net minder fan. Yn dy perioade naam it tal learlingen mei 12% persint ta.

De earste hbs-eineksamens wienen yn 1866.[5] Der wienen 38 dielnimmers, dêr't 15 fan net op in reguliere hbs west hienen. Der slaggen 23 kandidaten. De eineksamens wienen per provinsje organisearre. In kommisje fanwegen de Kommissaris fan de Keninginne naam de eksamens ôf. De kommisje bestie út skoaldirekteuren en leararen út de provinsje dy't it oanbelange.[6] Sy stelden it skriftlik eksamen op en regelen it oanfollend mûnling.

As wiere liberaal hie Thorbecke mar in bytsje regels fêstlein. Doe't oan it diploma rjochten ferbûn waarden, kamen der rillegau mear foarskriften. Op de skoallen waakste in wiere eksamenkultuer.

Om 1910 hinne kaam it lanlik skriftlik eksamen. Yn 1920 wie it dien mei de provinsjale kommisjes en it mûnling. Dy waarden tenei ôfnomd troch saakkundigen (kommitearren) beneamd troch de Minister fan Underwiis.

Ferfolchstúdzje

bewurkje seksje

Yn 't earstoan joech it hbs-diploma allinne tagong ta de polytechnyske hegeskoalle, de Technische Universiteit Delft fan no, de Ryks hegere lân- tún- en boskbouskoalle, de tsjintwurdigew Wageningen Universiteit en Researchsintrum, dy't earst yn 1905, respektyflik 1917 ta it heger ûnderwiis rekkene waarden. Ek joech de hbs tagong oan de yn 1913 oprjochte Nederlânske Hannelshegeskoalle, de Erasmus Universiteit Rotterdam fan no.

Yn de fakulteit fan de genêskunde koene mei it hbs-diploma alle eksamens oant en mei it artseksamen ôflein wurde. Foar in wittenskiplike promoasje yn de genêskunde wie lykwols oant 1918 in gymnasiumdiploma nedich. Dêrom promovearren in soad Nederlânske artsen yn it bûtenlân. Oare hbs'ers diene yn harren stúdzje it steatseksamen gymnasium, dat wol folsleine tagong ta de universiteit joech. Fan 1918 ôf waarden studinten mei in hbs-diploma (sûnt 1924: mei in diploma hbs-b) ek talitten ta de fakulteit wis- en natuerkunde.

 
Eardere HBS foar famkes yn Rotterdam

Dat sa'n swiere oplieding mar beheind tagong ta de universiteit joech, docht no wat frjemd oan. Thorbecke miende lykwols dat hegere boargers gjin ferlet hawwe soenen fan wittenskiplik ûnderwiis foar harren bern, dêr lei harren ambysje net tocht er. Doe't de hbs wol tariede op de universiteit, botste dat mei de doelstelling fan de hbs as einûnderwiis.

It diploma hbs-a joech yn 't earstoan allinne tagong ta de stúdzje ekonomy. Om 1950 hinne mocht de hbs-er ek promovearje yn de neikommende fakken[7]: ekonomyske wittenskippen, Indysk Rjocht, sosjale geografy, frije stúdzjerjochting ierdrykskunde en polityk-sosjale wittenskippen. Foar hbs-b kamen dêr neist alle fakken (boppe neamd) op de eardere technyske hegeskoallen noch by: natuerkundige ierdrykskunde, wiskunde, natuerwittenskippen, genêskunde, feeartsenijkunde en psygology. Oant de ynfiering fan de Mammoetwet bleau de stúdzje yn de teology, de rjochten en de letteren alinne weilein oan gymnasiasten. As men nei de hbs rjochten of notariaat studearje woe moast in oanfollend tentamen Latyn ôflein wurde. Yn gefal fan letteren of teology moast it steatseksamen gymnasium dien wurde.

  • Casimir, R. en Verheyen, J.E. (red), Paedagogische encyclopaedie, Wolters, Grins, 1937-1949.
  • Kees Mandemakers, HBS en gymnasium : ontwikkeling, structuur, sociale achtergrond en schoolprestaties, Nederland, circa 1800-1968, Amsterdam, Stichting Beheer IISG, 1996.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] -- 'Renovatie Rijks-HBS Groningen'
  2. [2] -- 'Van Rijks Hoogere Burgerschool naar Stedelijk Lyceum'
  3. [3] -- P.P. Simons: 'Het bisschoppelijk college van Roermond'
  4. [4] -- J. de Veer (2009): 'Rijks-HBS Willem II'
  5. Harm Jan Smid, rubriek 'Het Geheugen', Tijdschrift Euclides, jaargang 85, nummer 2, bladzijde 80-82, oktober 2009
  6. Lourens van den Brom, Toelatingsexamens tot de universiteiten, Tydskrift Euclides, jaargang 85, nummer 2, bladzijde 74, oktober 2009
  7. ENSIE, lemma HBS in deel X, bladzijde 591
  • Wikipedia nl:, Hogere Burgerschool