Arthur Rimbaud
Arthur Rimbaud, folút: Jean Nicolas Arthur Rimbaud (Frânske útspr.: [aʁ'tyʁ ʁɛ̃'bo]; Charleville, 20 oktober 1854 – Marseille, 10 novimber 1891), wie in Frânsk dichter en skriuwer dy't ôfkomstich wie út 'e Ardinnen. Hy hearde ta de saneamde dekadinte beweging, en hie troch syn koarte literêre karriêre in grutte ynfloed op 'e moderne Frânske literatuer, keunst en muzyk, wêrby't er as foarútrinder fan 'e lettere streaming fan it surreälisme beskôge wurde kin. Al syn poëzij skreau er op tige jonge jierren; hy joech syn literêre ambysjes op foar't er tweintich jier waard. Neitiid bereizge er, ûngeduerich dat er wie, trije wrâlddielen, foar't er yn 'e âlderdom fan 37 jier oan kanker kaam te ferstjerren.
Arthur Rimbaud | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jean Nicolas Arthur Rimbaud | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 20 oktober 1854 | |
berteplak | Charleville (Frankryk) | |
stoarn | 10 novimber 1891 | |
stjerplak | Marseille (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk Oksitaansk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | poëzij, non-fiksje | |
perioade | Belle Époque | |
streaming | surreälisme, symbolisme | |
bekendste wurk(en) |
Le Bateau Ivre Une Saison en Enfer Illuminations | |
jierren aktyf | 1866 – 1875 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeArthur Rimbaud waard yn 1854 berne yn it plakje Charleville (no ûnderdiel fan Charleville-Mézières, yn it departemint Ardinnen, yn it noardeasten fan Frankryk). Hy wie de twadde fan fiif bern yn it gesin fan Frédéric Rimbaud, in Boergondysk legerkaptein fan etnysk Provânsaalsk komôf dy't Arabyske taalgidsen skreau en de Koraan oersette yn it Frânsk, en Vitalie Cuif, in deune en humorleaze frou fan Sjampeneesk komôf, dy't Rimbaud letter by himsels betitele as bouche d'ombre (de "mûle fan it tsjuster"). Rimbaud en syn bruorren en susters waarden grutbrocht troch syn mem allinnich, want syn heit wie fanwegen syn tsjinst yn it leger (û.m. yn 'e Krimoarloch en de Sardyske Kampanje) nea langer as in fearnsjier efterinoar oanwêzich. Fan 1860 ôf, sân jier nei syn trouwen, kaam er hielendal net mear thús, en de rest fan harren libben wiene Rimbaud syn âldelju skieden fan tafel en bêd, hoewol't se foar de wet oan harren dea ta troud bleaune.
De earste jierren krigen de bern thús les fan frou Rimbaud, mar doe't er acht jier wie, waard de jonge Arthur nei skoalle stjoerd, al brocht en helle syn tige neigeanige mem him dêr eltse dei oant er fyftjin jier wie. As er thús wat misdie, moast Rimbaud hûndert Latynske fersregels út 'e holle leare, en as er dan by it opsizzen in flater makke, krige er foar straf gjin iten. It wie ek gjin wûnder dat de jonge Rimbaud in grouwéligen hekel oan learen krige. Uteinlik wist in priveelearaar dy't troch syn mem ynhierd waard, yn him belangstelling op te wekjen foar Grykske, Latynske en Frânske literatuer. Syn earste gedicht dat publisearre waard, wie Les Étrennes des Orphelins ("De Nijjierspresintsjes fan 'e Weesbern"), dat begjin 1870, doe't er fyftjin jier wie, yn it tydskrift La Revue pour Tous ferskynde. Datselde jiers skreau er, ûnder ynfloed fan Georges Izambard, in nije learaar dy't oan syn skoalle oansteld wie, it gedicht Ophélie, dat beskôge wurdt as ien fan syn bêste wurken.
Yn 'e simmer fan 1870, wylst hiele Frankryk yn opskuor wie troch de Frânsk-Dútske Oarloch, waard de skoalle fan Charleville sletten om as militêr hospitaal te fungearjen. Rimbaud waard ûngeduerich, en ein augustus rûn er fuort fan hûs en naam er as swartreizger it spoar nei Parys. Hy waard lykwols pakt en belâne yn Parys yn it tichthûs, dêr't er in wanhopich brief wei skreau oan Izambard. Nei't dy nei Parys ta reizge wie om syn frijlitting te bewurkmasterjen, ferbleau Rimbaud in hoartsje by de man en dy syn trije ûntroude muoikes yn Dowaai, mar tsien dagen nei't Izambard him úteinlik wer thúsbrocht hie, naaide er wer út. Hy begûn alkohol te drinken, makke him skuldich oan dieverij út winkels, brûkte ûnfoege taal yn syn gedichten en liet syn oansjen ferslûnzje.
Rimbaud en Verlaine
bewurkje seksjeRimbaud stjoerde syn gedichten oan ferskate dichters, mar krige allinne mar antwurd fan 'e symbolist Paul Verlaine, dy't him in inkeltsje Parys stjoerde om't er syn Le Dormeur du Val ("De Slieper yn de Delling") yntrigearjend fûn. Ein septimber 1871 joech Rimbaud him sadwaande by Verlaine en dy't syn swiere, santjinjierrige frou Mathilde Mauté. De beide mannen begûnen in koarte mar fjoerige leafdesaffêre, krûde troch in wyld libben mei drank en hasj. Hoewol't it hiele Paryske literêre fermidden skokt wie troch Rimbaud syn hâlden en dragen, gied er yn dizze perioade troch mei it skriuwen fan poëzij dêr't tsjintwurdich heech by opsjoen wurdt en dy't syn tiid fier foarút wie. Verlaine koe net oer drank; hy mishannele sawol syn frou as harren poppe yn syn alkoholistyske razernij. Yn septimber 1872 liet er úteinlik syn gesin yn 'e steek om mei Rimbaud nei Londen ta út te piken, dêr't de beide dichters in earmoedich bestean laten yn Bloomsbury en Camden Town. Rimbaud sei letter dat er spyt hie fan dizze perioade fan syn libben, dy't er oerdeis fierhinne trochbrocht yn 'e lêskeamer fan it Britsk Museum, dêr't waarmte, ferljochting en skreau-ark fergees wiene.
Yn juny 1873 kearde Verlaine allinnich werom nei Parys, mar hoewol't se mei rûzje útinoar rekke wiene, begûn er Rimbaud al rillegau te missen. Hy stjoerde him in tillegram om him yn Brussel te moetsjen, en Rimbaud kaam, mar de reüny mislearre alhiel. Se wiene it hiele hoart deilis, en Verlaine socht soelaas yn alkohol. Op 'e moarn fan 10 july kocht er in revolver mei munysje, dêr't er om fjouweren dy middeis hinne Rimbaud mei te liif gie. Hy skeat twaris, en ien kûgel rekke de achttjinjierrige Rimbaud yn 'e lofterpols. Rimbaud die it hiele ynsidint earst ôf as wat ûnnoazels, mar doe't er fuort soe, en Verlaine him op 'e trein brocht, hold en droech dy him as wied er net goed by de holle. Nei eigen sizzen rekke Rimbaud benaud dat syn freon de hân oan himsels slaan soe, dat hy sette nei in plysje ta en frege dy om Verlaine te arrestearjen. Dêrop waard Verlaine oppakt op fertinking fan besykjen ta moard, al waard dy oanklacht úteinlik ferlichte ta ferwûning mei in fjoerwapen, wêrfoar't er twa jier finzenisstraf krige.
Rimbaud bejoech him neitiid wer nei Charleville, dêr't er syn proaza-wurk Une Saison en Enfer ("In Seizoen yn de Hel") foltôge, dat noch altiten beskôge wurdt as pionierswurk oangeande de streaming fan it symbolisme. Yn 1874 wenne er in fearnsjier gear yn Londen mei de dichter Germain Nouveau, wylst er syn Illuminations ("Ferljochtings") skreau. Verlaine mette er noch ien kear, yn maart 1875 yn it Dútske Stuttgart, nei dy syn frijlitting út it tichthûs en bekearing ta it roomsk-katolisisme. Tsjin dy tiid hie Rimbaud syn skriuwkarriêre folslein opjûn foar in normaler libben as sljochtwei wurkman. Guon biografen fan sines spekulearje dat er in ôfwearze krigen hie fan syn eardere wylde libbensstyl, of dat de domdrystens dêrfan de boarne fan syn kreätiviteit wie. Hoe't it ek sij, de rest fan syn libben produsearre Rimbaud op literêr mêd neat mear.
Reizen
bewurkje seksjeRimbaud sette útein mei in omdoarmjend bestean, wêrby't er rûnom op it apostelhynder troch Jeropa teach. Yn maaie 1876 naam er tsjinst by it KNIL om fergese oertocht te krijen nei Java, yn Nederlânsk-Ynje, mar doe't er dêr ienris wie, desertearre er al nei fjouwer moannen, en flechte it reinwâld yn. It slagge him en kear ynkognito per skip werom nei Frankryk; as er pakt wie, hied er as deserteur foar it fjoerpeloton kommen. Yn desimber 1878 sette Rimbaud nei Syprus ta, dêr't er yn 'e stêd Larnaka wurke as foarman yn in stiengat. It jiers dêrop moast er halje-trawalje nei Frankryk weromkeare mei in koarts dy't tyfus bliek te wêzen.
Yn 1880 sette Rimbaud him nei wenjen yn Aden, in Britske koloanje oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân (dy't no ta Jemen heard), dêr't er wurksum wie as it haad fan it pleatslike kantoar fan 'e hannelsfirma Bardey. In pear jier letter stiek er de Golf fan Aden oer nei it Afrikaanske Abessynje, dêr't er yn 'e eastlike stêd Harar in nij kantoar foar Bardey opsette. Rimbaud wie de trêde Jeropeaan dy't Harar ea besocht hie, en de earste dy't der hannel dreau. Yn 1884 naam er ûntslach by Bardey en begûn er foar himsels as keapman yn kofje en fjoerwapens. Yn dyselde snuorje rekke er befreone mei de ras Makonnen, de gûverneur fan Harar foar de Abessynske keizer, dy't de heit wie fan 'e letter keizer Haile Selassy.
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn febrewaris 1891, doe't er werom wie yn Aden, krige Rimbaud lêst fan 'e rjochterknibbel. Earst miende er dat it artritis wie, mar doe't behannelings neat joegen, en de pine oanboaze oant er der neat mear troch koe, reizge er nei Frankryk om himsels ûndersykje te litten. Foar't er ôfsette, rieplachte er in Britske dokter dy't syn krupsje by fersin foar tuberkulêre gewrichtsûntstekking oanseach, en him oanrette daliks syn skonk amputearje te litten. Nei't er op 7 maaie alle omballingen regele hie, reizge er per steamskip nei Frankryk, dêr't er syn skonk nei oankomst yn Marseille ôfsette liet. Pas nei de operaasje waard de juste diagnoaze steld: it wie in foarm fan bonkekanker, nei gedachten osteosarkoom. Rimbaud brocht in koart skoftke by syn famylje yn Noard-Frankryk troch, mar doe't er ein augustus besocht en reizgje werom nei Afrika, rekke er ûnderweis yn Frankryk al sa yn 'e minnichte, dat er yn Marseille opnommen waard yn itselde sikehûs dêr't earder syn skonk amputearre wie. Dêr brocht er twa en in heale moanne yn slimme pine troch, fersoarge troch syn jongere suster Isabelle, oant er op 10 novimber 1891 mei 37 jier ferstoar.
Wurk
bewurkje seksje- 1866 – Le Soleil Était Encore Chaud
- 1869-1873 – Poésies
- 1870 – Soleil et Chair
- 1871 – Le Bateau Ivre
- Fryske oersetting: It Dronkene Skip (fert. Theun de Vries, 1987)
- 1872 – Proses Évangeliques
- 1873 – Une Saison en Enfer
- 1874 – Illuminations
- 1870-1891– Lettres
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|