Aden
Aden (Arabysk: عدن) is in stêd in de Republyk Jemen net fier fan de eastlike tagong fan de Reade See (de Golf fan Aden), sa'n 170 kilometer beëasten Bab-el-Mandeb. It hiele stedsgebiet wenje sa'n miljoen minsken. Aden syn âlde, natuerlike, haven leit yn de krater fan in sliepende fulkaan dy't no in skiereilân foarmet en mei in lege istmus oan it fêstelân ferbûn is. De âlde haven waard foar it earst brûkt yn de tiid fan it Keninkryk Awsan tusken de 5e en 7e iuw foar Kristus. De moderne haven leit oan de oare kant fan it skiereilân.
Aden | ||
Bestjoer | ||
Lân | Jemen | |
Gûvernemint | Aden | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 760.923 (2012) | |
Oerflak | 760 km² | |
Befolkingsticht. | 1000 / km² | |
Hichte | 6 m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+3) |
- Dizze side giet oer de stêd yn Jemen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Aden (betsjuttingsside).
Aden bestiet út in tal dielen: de haven, it yndustrygebiet (bekend as Lyts Aden) en Madinat asj-Sja'ab (it eardere Al-Ittihad), it regearsintrum. De foarstêden Khormaksar en Sheikh Othman lizze benoarden de âlde stêd.
Aden wie de haadstêd fan Súd-Jemen oant dat lân wer ien waard mei Noard-Jemen. Dêrnei waard de stêd ta frijhannelssône ferklearre.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aden fan Wikimedia Commons. |