It Dronkene Skip

gedicht fan Arthur Rimbaud

It Dronkene Skip, yn it oarspronklike Frânsk: Le Bateau Ivre, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Frânske dichter en skriuwer Arthur Rimbaud (1854-1891). It bestiet út hûndert fersregels, dy't ferdield binne yn in rige fan 25 aleksandrynske kwatrinen, mei in rymskema abab. It ferhellet oer it ôfdriuwen en te sink gean fan in skip dat op see paadbjuster rekket, ferteld yn it ik-perspektyf fan it eachpunt fan it skip sels út. Le Bateau Ivre stiet bekend om syn libbene bylden en revolúsjonêr gebrûk fan symbolisme, en wurdt beskôge as ien fan 'e hichtepunten fan 'e njoggentjinde-iuwske Frânske poëzij. Rimbaud skreau it gedicht doe't er noch mar 16 jier wie, yn 'e simmer fan 1871, by syn mem thús yn it Noardfrânske Charleville. Skriuwer Theun de Vries sette it yn 1987 sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oer.

It Dronkene Skip
Le Bateau ivre op in muorre yn de Rue Ferou, Parys
Le Bateau ivre op in muorre yn de Rue Ferou, Parys
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Bateau Ivre
auteur Arthur Rimbaud
taal Frânsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
1e publikaasje 1871, Parys
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Dronkene Skip
publikaasje 1987, Amsterdam
útjouwer Querido
oersetter Theun de Vries
ISBN oers. 9 02 14 79 419

De ferteller fan it gedicht is it dronkene skip sels. It leit út hoe't it fol rekket mei wetter (en dus "dronken" wurdt). It sinkt wei yn 'e see en beskriuwt de reis dy't it makket nei de seeboaiem yn 'e djipte, wêrby't it sawol de alderhearlikste (l'éveil jaune et bleu des phosphores chanteurs; "it blau-mei-giel ûntweitsjen fan sjongende ljochtsjendheid") as de alderôfwearzichste (nasses où pourrit dans les joncs tout un Léviathan; "netten wêryn't in hiele leviatan oan it rotsjen wie") ûnderfinings hat. Nei't yn regel 89 in hichtepunt fan ferbjustering oer de ferrassings fan 'e see berikt is, en it skip yn 'e inketswarte djipte elts gesichtsfermogen ferliest, winsket er dat syn kiel tebrekke soe, dat er stjerre koe. De útwrydske fizioenen binne bedragerij bleken, en litte by it skip inkeld útputting en in gefoel fan opsluting efter.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Le Bateau Ivre waard yn 1987 ûnder de titel It Dronkene Skip yn it Frysk oerset troch skriuwer Theun de Vries (bekend fan û.m. Het Meisje met het Rode Haar en Stiefmoeder Aarde). De Vries publisearre de fertaling, tagelyk mei in Nederlânske oersetting fan syn hân (Het Dronken Schip) en it Frânsktalich orizjineel, yn in útjefte fan 36 siden by útjouwerij Querido te Amsterdam, as ûnderdiel fan 'e rige Transfusie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rimbaud, Arthur, It Dronkene Skip / Het Dronken Schip (oers. Theun de Vries), Amsterdam, 1987 (Querido), ISBN 9 02 14 79 419.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.