It symbolisme wie in út Frankryk ôfkomstige streaming yn de byldzjende keunst en de literateur dy't yn it fin de siècle furoare makke. De streaming kaam om-ende-by 1880 op as reaksje op it ympresjonisme en ek op it sosjaal-ekonomysk realisme.

Fernand Khnopff, Wie zal mij redden?, 1891
Gustav Klimt
De Kunst / De liefkozingen, 1896 van Fernand Khnopff
De top, de keninginne fan it iis, 1912, in symbolistysk wurk fan Cesare Saccaggi út Tortona.
De top, de keninginne fan it iis, 1912, in symbolistysk wurk fan Cesare Saccaggi út Tortona.

De namme foar de beweging komt fan Jean Moréas, dy't yn 1886 syn Symbolisch Manifest ferskine liet yn de Paryske Figaro (dêr't hy Charles Baudelaire yn oanwiisde as grutte foarheit fan de beweging) en dêrtroch in namme joech oan de beweging dy't op dat stuit al in tal jierren oan it útkommen wie.

Yn it symbolisme kaam it derop del oan it keunstwurk in subjektive sizzenskrêft te jaan rûn de minsklike figuer, yn in riedseleftige-magyske gearhing fan erotyk en dea. Betiden waard de frou foarsteld as de folsleine belicheming fan skjinnens en seksualiteit. Mytologyske en histoaryske foarstellings waarden brûkt by in fantastyske sfearskepping.

Symbolistyske skilderingen

bewurkje seksje

Foarbylden fan symbolistyske skilderijen binne:

Symbolistyske byldhouwurken

bewurkje seksje

Foarbylden fan symbolistyske byldhouwurken binne:

  • De ferleare soan, 1896, plaster George Minne
  • Homme et femme agenouillés, granyt George Minne
  • Jehannes de Doper, 1895, gips George Minne
  • De lytske knibbele, moarmer 47,5 cm George Minne
  • De knapenfontein of Fontein fan knibbelden George Minne

It symbolisme wurdt karakterisearre troch emoasje, opskodding, heimsinnigens, perversiteit, esoterysk, spiritualisme.

 
Beurs van Berlage Café; tegeltableau "It Ferline" (1903), Jan Toorop

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: