Hugo Gerhard Simberg (Hamina, 24 juny 1873 - Ähtäri, 11 july 1917) wie in keunstskilder út Finlân. Hy wurdt foaral ta de streaming fan it symbolisme rekkene.

Simberg yn syn tún (1907)
Hugo Simberg, selsportret (1907)

Libben en wurk

bewurkje seksje

Simberg wie in soan fan kolonel Nicolai Simberg en Ebba Matilda Simberg-Widenius. Fan syn 18e ôf, fan 1893 oant 1895 folge er twa tekenopliedingen, mar fan 1895 oant 1897 wie er learling fan de skilder Gallen-Kallela yn Ruovesi. Yn 1896 reizge er nei Londen en yn 1898 nei Parys en Italië. Yn dy jierren waard syn wurk ek eksposearre en krige er goede kritiken.

Simberg lei yn syn wurk faak de klam op it makabere en it boppenatuerlike; faak personifisearre er de dea yn syn wurk. Ta syn meast bekende wurken hearre Kuoleman puutarha ('Yn de tún fan de dea', 1896, nei it mearke 'De dea fan in mem' fan Hans Christian Andersen) en Haavoittunut enkeli ('De ferwûne ingel', 1903, dêr't Simberg fan sei dat elk dêr syn eigen symbolyk mar yn sykje moast). Fan beide wurken makke er, yn 'e mande mei de skilder Magnus Enckell, tusken 1904 en 1906 in grutformaat fresko foar de Katedraal fan Tampere. 'De ferwûne ingel' waard yn 2006 ta 'Nasjonaal Skilderij' keazen troch it Finske publyk.

In oar tema yn it wurk fan Simberg binne de jongens krekt foar it begjin fan de puberteit. Neakene jongens mei krânsen binne ek ôfbylde op syn fresko's yn de katedraal fan Tampere, en ien fan syn iere foto's, 'Guido, fiskersjonge', lit in jonge op in rots sjen dy't útsjocht op see.

Fan 1907 oant 1917 jûch er les oan de tekenskoalle fan de Finske keunstferiening.

Simberg stoar yn 1917, noch mar 44 jier âld. In protte wurk fan him hat it keunstmuseum Ateneum yn Helsinki op 'e noed.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje