Knut Magnus Enckell (Hamina, 9 novimber 1870 - Stockholm, 27 novimber 1925) wie in Finske symbolistyske keunstskilder. Ynearsten skildere Enckell meast yn griis, swart en brún; nei syn ferbliuw yn Italië brûkte er fellere kleuren.

Magnus Enckell
 
Narkisos

Knut Magnus Enckell waard berne yn Hamina, in lytse stêd yn it súdeasten fan Finlân oan de Finske Golf, as soan fan preester Carl Enckell en Alexandra Enckell-Appelberg. Hy wie de jongste fan seis soannen.

Hy wie de earste Finske skilder dy't briek mei it naturalisme, dat yn de jierren fan syn oplieding yn Helsinky (1889-1891) noch de beskiedende styl wie. Fan 1891 ôf hold er yn Parys ta en wie dêr learling fan Jules Joseph Lefebvre en Jean-Joseph Benjamin-Constant oan de Académie Julian. Dêr fielde er him oanlutsen ta de symbolistyske beweging en waard er beynfloede troch de skilder Pierre Puvis de Chavannes en de symbolistyske literatuer. Doe't er yn Bretanje ferkearde skildere er twa wurken mei mar in bytsje kleur (lykas Selsportret en Bretonske frou). Hy bewûndere de renêssânse en de idealistyske en mystike ideeën fan Sar Péladan, dêr't er ek it androgyne skientme-ideaal foar syn wurken oan ûntliende. Under syn twadde ferbliuw yn Parys yn 1893 skildere hy It wekker wurden.

Enckell wie homoseksueel, itjinge him uterret yn in oantal eroatyske portretten dy't foar dy tiid tige dryst wienen.

Yn 1894 en 1895 reizge Enckell nei Milaan, Florence, Ravenna, Siena en Fenetië, dêr't syn ynderlike konflikten yn syn keunst ta utering kamen. Yn 1898 learde er himsels fresko- en temperatechniken oan troch it wurk fan Masaccio en skilder-frater Fra Angelico te bestudearjen. De tiid yn Italië brocht mear kleur yn syn wurk en tsjûget fan in optimistysker ynstelling. Yn de earste jierren fan de 20e iuw ûntwikkele er in mear kleurich palet.

Yn 1907 wurke Enckell oan it alterstik fan de domtsjerke fan Tampere. It fresko, goed 10 meter breed en 4 meter heech, lit yn bedêste kleuren de opstanning sjen fan minsken fan alle rassen. Yn 'e midden fan it skilderij rinne twa manlju hân yn hân.

Fan 1901 ôf oan wie Enckell simmerdeis faak op it eilân Hogland, dêr't er ûnder mear Jonges op it strân (1910) skildere. Enckell organisearre tentoanstellingen fan Finske keunst yn Berlyn (1903) en Parys (1908) en fan Frânske en Belgyske keunst yn Helsinky (1904). Hy wie foarsitter fan de Finske Keunst Feriening en wie yn 1922 keazen lid fan de Keunst Akademy fan Finlân.

Enckell stoar yn Stockholm yn 1925; syn begraffenis wie in nasjonaal barren. Hy waard te hôf brocht yn syn berteplak Hamina yn Finlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • S. Koja, ed. Nordic Dawn Modernism's Awakening in Finland 1890-1920 [katalogus by de útstalling] (2005)
  • Magnus Enckell 1870–1925 [katalogus by de útstalling, Helsinki City Art Museum] (2000)
  • Magnus Enckell 1870–1925 [katalogus by de útstalling, Tampere Art Museum] (1988)