Fedde Schurerpriis
De Fedde Schurerpriis is in yn 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis foar debutanten, neamd nei Fedde Schurer. De priis is foar it earst útrikt yn 1984, en bestie doe út in oarkonde en in bedrach fan 1500 gûne. De priis wurdt útrikt op it Provinsjehûs, tagelyk mei de Dr. Obe Postmapriis. Yn 2005 waard der foar it earst ek in publykspriis takend.
Fedde Schurerpriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | debút yn literatuer | |
útrikt troch | provinsje Fryslân | |
frekwinsje | 1x yn de 3 jier | |
plak | Ljouwert (Fryslân) | |
ynsteld | 1984 | |
1e útrikking | 1984 | |
opheft | 2012 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Yn 2012 is de priis opheft en is de Douwe Tammingapriis de Fryske literêre debútpriis wurden.
Priiswinners
bewurkje seksjeOm't de priis útrikt wurdt oan immen dy yn in beskaat literêr sjenre debutearret, is it somtiden sa dat ien dy't al mear skreaun hat de priis takend krijt foar wurk yn in foar dy skriuwer nij sjenre.
- 1984 - Willem Verf:
- In delgeande tiid (ferhalebondel).
- 1987 - Harmen Wind:
- Ut ein (dichtbondel).
- 1990 - Jetske Bilker:
- Imitaasjelear (roman).
- 1993 - Cornelis van der Wal:
- In nêst jonge magneten (dichtbondel).
- 1996 - Wilco Berga:
- Hauk en hazze (roman).
- 1999 - Eeltsje Hettinga:
- Akten fan winter (dichtbondel).
- 2002 - Doeke Sijens:
- Sa'n tûzen blauwe skriften (biografy oer Reinder Brolsma).
- 2005 - Willem Schoorstra:
- Swarte ingels (roman).
- 2008 - Jaap Krol:
- M/F (roman).
- 2012 - Elske Kampen:
- Fan glês it brekken (dichtbondel).
- 2005 - Ruurdtsje de Haan:
- Ornaris (dichtbondel).
- 2008 - Simon Oosting:
- Rauwe fisken op wynfearwolkens (dichtbondel).
- 2012 - Elske Kampen:
- Fan glês it brekken (dichtbondel).