Elske Kampen
Elske Kampen (Burdaard, 1955) is in Frysk dichteresse dy't yn Gytsjerk wennet.
Biografy
bewurkje seksjeElske Kampen folge poëzijkursussen fan Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries by Tresoar. Der folgen publikaasjes op de Fryske Skriuwerskalinder, yn Hjir, De Moanne en Ensafh. Oant no ta wûn se trije kear de Rely Jorritsmapriis; yn 2008 mei it gedicht Trije dagen en mei it ferhaal De opdracht en yn 2009 mei it gedicht Sy is, taal is altyd. Yn 2009 krige se mei har gedicht Altyd de loft de Je Maintiendrsaipoëzijpriis. Se skriuwt neist gedichten ek koarte ferhalen en lietteksten. Dat lêste ûnder oare foar de CD Moai mei dy fan Nanne & Ankie. Har lietteksten en gedichten wurde ek wol brûkt foar de foardrachtswedstryd 'FeRstival'.
Yn augustus 2010 ferskynde der by Querido ûnder redaksje fan Ted fan Lieshout de poëzijbondel Wie heeft er hier met verf lopen smijten, dêr’t Nederlânsktalich wurk fan Kampen yn opnommen is. Yn septimber fan datselde jier ferskynde har Fryske debútbondel Fan glês it brekken by de Friese Pers Boekerij. De gedichten yn dy bondel geane oer de grins dy't der altiten is by taal, leafde en de dea. Yn de bondel Lytse werklikheid, dy't yn 2011 útkaam, binne 3 gedichten fan Kampen opnommen. Sy wie ien fan de trije dichters dy't har ynspirearje litten hawwe troch it wurk fan Jopie Huisman, de oare twa wiene Abe de Vries en Grytsje Schaaf. De gedichten steane der yn it Frysk en Nederlânsk. Yn 2011 kaam de bondel mei bernepoëzij Vijf draken verslagen út, wer by Querido en wer ûnder redaksje fan Ted fan Lieshout. Dêr is op 'e nij wurk fan Kampen yn opnommen.
Op 15 juny 2012 ferskynde de twadde bondel fan Kampen, Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. De bondel befettet twatalige poëzij foar bern en grutte minsken, Kampen makke sels yllustraasjes by de gedichten. Yn itselde jier wûn Elske Kampen mei har dichtbondel Fan glês it brekken de Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer-publykspriis.[1][2]
Bibliografy
bewurkje seksjePoëzij
bewurkje seksje- 2010 : Nederlânsk wurk yn de bondel Wie heeft er hier met verf lopen smijten
- 2010 : Fan glês it brekken
- 2011 : Frysk en Nederlânsk (oersetting) wurk yn de bondel Lytse werklikheid
- 2011: Nederlânsk wurk yn de bondel Vijf draken verslagen
- 2012 : Dit is it gedicht/Dit is het gedicht
- 2014 : Man en mem
- 2017 : Ynbyld
- 2019 : Ntrije55
- 2023 : Net fiksearre hûs
Prizen
bewurkje seksje- 2008 : Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal De opdracht en it gedicht Trije dagen
- 2009 : Rely Jorritsmapriis foar it gedicht Sy is, taal is altyd
- 2009 : Je Maintiendrsaipoëzijpriis foar it gedicht Altyd de loft
- 2012: Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer-publykspriis mei de dichtbondel Fan glês it brekken
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |