Grytsje Schaaf
Grytsje Schaaf (Ljouwert, 31 july 1979) is in Frysk dichteresse en arsjitekt.
Biografy
bewurkje seksjeSchaaf is berne yn Ljouwert en is grut wurden yn Berltsum. Se hat de HBU-oplieding Boukunde oan de NHL yn Ljouwert folge en dêrnei studearre se yn Delft arsjitektuer. Grytsje Schaaf is wurksum as arsjitekt en as dosint boukunde oan de NHL yn Ljouwert en wennet dêr ek. Sûnt 2007 foarmet se mei Johannes Keekstra de redaksje fan it jongereintydskrift Styl.
Skaaf publisearret yn de tydskriften Doar, Farsk en de Moanne en hat meiwurke oan it literêr sirkwy 2003, in reizgjende foarstelling fan út eigen wurk foardragende skriuwers en dichters. Se lêst regelmjittich foar op literêre jûnen. Har wurk ferskynde ek yn de blomlêzings Poetysk Ljouwert en de twa-talige útjefte Flessepost. Dêrneist skriuwt se regelmjittich boekeresinsjes. Yn 2008 ferskynde har debútbondel Sûnder sweltsjes by de Friese Pers Boekerij. Fierder binne der gedichten fan har opnommen yn De Spiegel van de Friese poëzie, edysje 2008, en yn Het goud op de weg, de Friese poëzie sinds 1880. It is noch ûndúdlik wannear't har folgjende bondel útkomt.
Bibliografy
bewurkje seksje- 2008: Sûnder sweltsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |