Cornelis van der Wal

Cornelis van der Wal (Ljouwert, 28 jannewaris 1956) is in Frysk skriuwer en dichter.

Cornelis van der Wal

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy wenne 18 jier yn Grins. Likegoed bleau syn bân mei Fryslân en de Fryske kultuer hecht. Yn 1998 protestearre er mei in tal oare Fryske yntellektuelen tsjin it troch de provinsje organisearre feest "Fryslân 500", wêrby't yn de eagen fan Van der Wal fierd waard dat Fryslân 500 jier lyn syn frijheid ferlear. Op 2 juny 1998, by ien fan de feestlikheden, die Van der Wal in bommelding, wêrnei't de Grutte Tsjerke fan Ljouwert ûntromme wurde moast. Under de gasten yn de tsjerke wie kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans. Van der Wal waard arrestearre en brocht in pear dagen yn de sel troch. Letter soe er dy barrens ferwurkje yn syn satiryske novelle Kening Kees.

Fan 2009 oant 2013 hat er wenne Snits, sûnt wennet er wer yn Ljouwert.

Yn de jierren 80 skreau er gedichten dy't publisearre waarden yn de tydskriften Hjir en Trotwaer. Hy publisearre sân dichtbondels, mei syn earste bondel In nêst jonge magneten wûn hy yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Van der Wal wie webmaster fan it literêre ynternettydskrift Farsk en letter fan Ensafh. Van der Wal wie oant juny 2011 poëzijbesprekker foar it Friesch Dagblad, hy soe dêryn opfolge wurde troch Abe de Vries.

Fierder is Van der Wal dwaande mei it komponearjen fan elektroanyske muzyk.

  • 1991 - In nêst jonge magneten
  • 1997 - Sinnestriel op it Offermês
  • 2003 - Subsydzje foar de Graal
  • 2004 - Skalder en it swurd
  • 2006 - Zonderlinge kruising tussen aap en priester (blomlêzing mei Nederlânske oersettingen)
  • 2007 - Hûn oan 'e himel
  • 2008 - Kening Kees (novelle
  • 2011 - Kristus Pavlov
  • 2016 - Wolf yn harnas
  • 2024 - De Toer

Keppeling om utens

bewurkje seksje