Loek Hermans
Louis Marie Lucien Henri Alphonse (Loek) Hermans (Heerlen, 23 april 1951) út Beetstersweach is in Nederlânsk earder politikus foar de VVD en bestjoerder. Hy wie minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it kabinet-Kok II, lid fan de Earste- en Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, boargemaster van Swol en Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.
Loek Hermans | ||
Loek Hermans (1986) | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Louis Marie Lucien Henri Alphonse Hermans | |
Berne | 23 april 1951 | |
Berteplak | Heerlen | |
Partij | VVD | |
Titels | drs. | |
Politike funksjes | ||
1974-1978 | Gemeenteriedslid yn Nimwegen | |
1977-1990 | Lid Twadde Keamer | |
1990-1994 | Boargemaster fan Swol | |
1994-1998 | Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân | |
1998-2002 | Minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip | |
2002 | Lid Twadde Keamer | |
2007-2015 | Lid Earste Keamer |
Karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeHermans folge de hbs yn Kerkrade en studearre fan 1969 - 1976 bestjoerskunde oan de Katolike Universiteit Nimwegen. Dêrnei wie er learaar maatskippijlear oan de Bestjoersskoalle yn Gelderlân. Fan 1969 ôf wie Hermans lid fan de VVD. Hy hie ferskate funskjes yn de JOVD, de jongereinorganisaasje fan de VVD.
Politike karriêre
bewurkje seksjeFan 3 septimber 1974 oant 5 septimber 1978 wie er lid fan de gemeenteried yn Nimwegen. Fan 8 juny 1977 oant 24 septimber 1990 wie Hermans lid fan de Twadde Kamer, fan septimber 1988 oant septimber 1990 as fisefraksjefoarsitter. Hermans waard yn 1986 troch Joris Voorhoeve by de striid om it fraksjefoarsitterskip fan de VVD ferslein. Hy late yn 1987-1988 de Parlemintêre enkête nei de Paspoartaffêre.
Hermans ferliet yn 1990 de Twadde Keamer en waard boargemaster fan Swol. Fan 1994 - 1998 wie er kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân. Syn idee foar in grut folksfeest sette kwea bloed doe't Hermans it ferbûn oan it tema 500 jier sintraal bestjoer yn Fryslân. De festiviteiten gienen lykwols troch ûnder de namme Fryslân 500 en kosten Hermans in soad populariteit yn Fryslân.
Yn 1995 late er de nei him neamde kommisje om de foar- en neidielen fan de Betuweline ôf te wagen. De kommisje kaam lang om let ta de konklúzje dat it kabinet-Lubbers III in goed beslút nommen hat en joech it doe sittende kabinet Kok-I de rekommandaasje en fier de line neffens it plan út.
Op 3 augustus 1998 waard Hermans minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn it kabinet-Kok II. Hy fierde yn syn ministerskip de bachelor-masterstrukuer yn. Ek trúnde er dêr op oan foar fúzjes en fierder deregulearring yn it ûnderwiis. Benammen HBU-ynstellings fetten syn oantrunen op om harren samar yn it wylde wei as kommersjele ûndernimmings te hâlden en te dragen en dat se allegearre semy-publike finansierringskonstruksjes betinke koene. Dy kwestje ûntplofte noch ûnder syn ministerskip, doe't yn 2001 de hbu-fraude oan it ljocht kaam dy't ta in parlemintêr ûndersyk ta late.
Nei de Twadde Keamerferkiezings 2002 wie er fan 23 maaie 2002 oant 25 july 2002 fannijs lid fan de Twadde Keamer. Nei it foarmjen fan it kabinet-Balkenende I op 22 july 2002 besleat er hommels himsels út 'e lanlike polityk te stappen en syn Keamersit op te jaan.
Hermans wie listlûker foar de VVD by de Earste Keamerferkiezings 2011.
Hermans waard op 22 desimber 2015 oanwiisd om mei yngong fan 1 febrewaris 2016 waarnimmed boargemaster fan Sutfen te wurden.[1] It wie de bedoeling dat er njoggen moanne oanliuwe soe. Ynearsten like it dat de pleatslike polityk foarstanner fan syn komst wie, mar doe kamen der twivels omreden syn funksje fan thússoarchbedriuw Meavita en nei in online peiling blykte dat likernôch 95% fan de stimmers tsjin syn beneaming wie. [2] [3] Op 28 desimber 2015 loek Hermans him werom en seach fan dy posysje ôf.[2][4]
Bestjoerlike karriêre
bewurkje seksjeSûnt desimber 2002 is Hermans foarsitter fan it Nederlânsk Utjouwersferbûn. Fan 1 july 2003 oant 9 febrewaris 2011 wie Hermans foarsitter fan MKB-Nederlân. Dêrnjonken wie er kommissaris by SC It Hearrenfean, lid fan de Hearen Santjin yn Fryslân en lid fan de Ried fan Tafersjoch fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme & Kongressen (NBTC).
Fan 2006 oant 2011 wie Hermans foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it Sintraal Orgaan opfang asylsikers (COA). Op 31 maart 2008 waard bekendmakke dat Loek Hermans de nije foarsitter wurdt fan it bestjoer fan de Stifting Katolike Universiteit (SKU) yn Nimwegen. Hermans begûn op 23 maaie 2008 oan syn nije funksje. Op 1 july 2008 waard er beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan ûntwikkelingsorganisaasje CARE Nederlân. Hy folge Mohamed Rabbae op, dy't oant dan bestjoersfoarsitter wie.
Sûnt febrewaris 2011 is er foarsitter fan Greenport Holland en sûnt maart dat jiers foarsitter fan Adfiz, in brancheferiening foar finansjeel yntermediêr.
Skelen
bewurkje seksjeHermans rekke yn syn karriêre ferskate kearen yn opstraak, benammen om syn grutte tal njonkenfunksjes.[5] Hermans stapte yn 2011 op as foarsitter fan de Ried fan Tafersoch fan it COA doe't dy organisaasje yn opspraak oer de salaris en de manier fan it lieding jaan fande bestjoersfoarsitter en partijgenoat Nurten Albayrak. Eardere VVD-fraksjelieder Stef Blok wie lilk op Hermans omreden dat er dêr op tasjen moatten hie dat de salaris fan Albayraks salaris oan de balkenendenoarm oanpast waard.[6]
Hermans wie presidint-kommissaris fan Meavita op it stuit dat it thússoarchbedriuw yn 2009 fallyt rekke. Dêr ferlearen 20.000 wurklju har baan by. It blykte nei in ûndersyk dat Hermans as tafersjochhâlder net optrede doe't bliek dat dat bestjoerder Theo Meuwese dêr in potsje fan makke. Doe't Meavita yn novimber 2015 fallyt gie troch ferkeard belied fan it bestjoer stapte Hermans op as VVD-fraksjelieder yn de Earste Keamer.[7][8]
As lid fan de lederied fan de Keninklike Feriening foar Fakultative Kremaasje dy't út fjouwer persoanen bestie, joech Hermans yn 2012 tastimming foar it ferkeapjen fan it krematoarium- en begraffeneisbedriuw fan de Feriening, de Fakultative Groep, oan de direkteur fan it bedriuw, Henry Keizer.[9] Hermans wie ek kommissaris by it bedriuw. De ferkeap wie foar in priis dy't fier ûnder de boekwearde lei. Keizer, dy't ek foarsitter fan de VVD wie, kaam troch syn rol yn de transaksje yn opspraak en moast yn 2017 opstappe as foarsitter fan de partij. Yn 2013 rekke Hermans yn opspraak yn syn eigen partij doe't er as mentor fan begjinnende VVD-politisy troch ien fan harren fan machtsmisbrûk beskuldige waard.[10] Ek wie Hermans tafersjochhâlder by it Boarchfûns Sosjale Wentebou, de hiemdogge fan de wentebousektor, yn 'e snuorje dat de opskuor oangeande de derivaten by Wentekorporaasje Vestia oan it ljocht kaam.[11]
Persoanlik libben
bewurkje seksjeHermans wie troud. Syn frou stoar yn 2014.[12] Hy hat fjouwer bern. It Twadde Keamerlid Sophie Hermans is in dochter fan him. Hermans wennet yn Beetstersweach. Hermans is in neef fan helpbiskop Alphons Castermans silger.
Underskiedings en earetitels
bewurkje seksje- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (28 april 1989)
- Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (10 desimber 2002)
- Earelid JOVD (maart 2015)
- Ridder yn de Oarder fan de Nimweechske Hofried (2002)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Gûverneurs en Kommissarissen fan de Kening(inne) fan Fryslân | |
---|---|
Idsert Aebinga van Humalda (1814-1826) ● Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt (1826-1840) ● Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1840-1848) ● Jan Ernst van Panhuys (1848-1878) ● Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (1878-1909) ● Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten (1909-1945) ● A.W. Haan (1945) ● Harry Linthorst Homan (1945-1970) ● Hedzer Rijpstra (1970-1982) ● Hans Wiegel (1982-1994) ● Loek Hermans (1994-1998) ● Ed Nijpels (1999-2008) ● John Jorritsma (2008-2016) ● Joan Leemhuis-Stout (2016-2017) ● Arno Brok (2017-no) |