Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (Ternaard, 22 july 1959) is in muzikant, dichter en skriuwer. Syn belangstelling lei yn it earstoan yn de muzyk, dêr't er ynspiraasje fan krige foar it skriuwen fan dichtwurk. Willem Schoorstra publisearret geregeld yn literêre tydskriften en op ynternet.

Willem Schoorstra.

Yn 1998 krige er de Ruurd Wiersma Poëzijpriis foar it fers Neffens it ynderlik bern. In jier letter wûn er in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal Trettjin dagen. Yn 2001 ferskynde de dichtbondel Ynwijing, en yn 2002 de ferhalebondel Berjochten út Babel. De haadpersoanen út de ferhalen fan Schoorstra binne minsken dy't skansearre binne troch opfieding, miljeu en leafdeleazens dy't wrakselje mei har libben.

De roman Swarte ingels (2004) beskriuwt in ûnmooglike leafde tusken in broer en in suster. It oardiel fan de kritisy oer it boek wie tige posityf. Yn 2005 wint Schoorstra mei Swarte ingels de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar debutanten. Yn 2007 ferskynd in Nederlânske oersetting fan Swarte ingels. Yn 2007 ferskynd ek De ôfrekken, in boek oer it libben fan in studint yn it homolibben fan Brussel dy't siket nei syn identiteit. Sawol Swarte ingels as De ôfrekken beskriuwe kontroversiële tema's lykas ynsest, homoseksualiteit en moslimproblematyk.

Yn it ramt fan 'Fryslân Lêst Syn Toppers' waard 17 febrewaris 2011 in literêre jûn holden dêr't Swarte ingels sintraal stie. Hille Stellingwerf makke by it boek Swarte ingels it nûmer 'Noait genôch'. Yn april 2011 folge de boekpresintaasje fan de roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. De roman giet oer it libbensferhaal fan de ier-midsiuwske Fryske kening Rêdbâd. Sawol by de jûn oer de ûnmooglike leafde as ek by de boekpresintaasje fan Rêdbâd luts Schoorstra sa'n 100 minsken nei Dokkum.[1][2]

Romans
  • 2004: Swarte Ingels (3e pr. 2011)
  • 2007: De ôfrekken
  • 2011 Rêdbâd – kronyk fan in kening
  • 2017: De Nacht fan Mare
Oar
  • Ynwijing (poëzij, 2001)
  • Berjochten út Babel (ferhalebondel, 2002)
  • Zwarte Engelen (Nederlânske oersetting fan Swarte ingels, 2007)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Boekpresintaasje Rêdbâd op It Nijs
  2. Swarte ingels yn Dokkum lûkt goed 100 minsken publyk by de webside fan 'Fryslân Lêst Syn Toppers'