De Edda is in samling fersen út de Germaanske mytology dy't yn de 13e iuw yn Yslân opskreaun is ûnder ynfloed fan it kristendom. De ferzen binne lykwols âlder en komme nei alle gedachten út it tiidrek tusken de 9e en 12e iuw of noch earder. In part fan de ferhalen oer de goaden en minsken dy't yn de ferzen ferteld wurde is mooglik noch folle âlder, want der binne oerienkomsten fûn tusken de Feda's en de Edda. It wurd Edda betsjut wierskynlik Oeropoe, mar wis is dat net.
De Edda fertelt it ferhaal oer it ûntstean fan de Germaanske goadewrâld. Fierders gean de ferhalen oer de goadefamyljes en harren ûnderlinge ferhâldings en wat der allergearre foarfalt, en hoe de goaden en harren wrâld ta in ein komme sille. Yn in lytser part binne ferhalen oer helden opnaam. Yn it oarspronklike hânskrift hat dêr ek de Wolsungensage byheard, mar yn de Codex Regius, de ienichste oerbleaune kopy, misse op dat plak acht siden, dat der is mar yn lyts stikje fan oerbleaun.
Njonken de poëtyske Edda bestiet der ek noch de jongere proaza-Edda, skreaun troch de hofdichter (skald) Snorri Sturluson (1179 - 23 septimber1241).