Doeke Sijens (Hantum, 9 maart 1955) is in Frysk skriuwer en biblioteekhaad yn Grins. Hy publisearre oer leden fan de keunstnersferiening De Ploeg en is redakteur fan it Ploegjaarboek. Ek redaksjelid fan it Histoarysk Tydskrift Fryslân fan útjouwerij Waanders.

Doeke Sijens
skriuwer
Doeke Sijens
Doeke Sijens
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 maart 1955
berteplak Hantum
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
útjouwer Utjouwerij Kleine Uil
prizen sjoch tekst
jierren aktyf om 1986-no

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy groeide op yn Hantum en ferfear yn 1973 nei Grins om dêr in oplieding te folgjen oan de biblioteekakademy. Nei syn ôfstudearjen kaam er as bibliotekaris te wurkjen by de Grinzer stedsbiblioteek. Healwei de tachtiger jierren wenne er in skoftlang yn itselde hûs as Jelle Krol, literatuerkritikus fan de Ljouwerter Krante. Krol makke him paadwiis yn de Fryske literatuer sa dat Doeke Sijens ek yn it Frysk begûn te skriuwen.

Dêrfoar hie er al wol ferhalen publisearre yn it biblioteekblêd en foar it blêd fan it COC. Dy ferhalen hiene almeast in satiryske, humoristyske ynslach. Sijens debutearre mei it ferhaal Nei it lân fan palmerûzjen yn Trotwaer 1986. Dêrnei skreau er mear ferhalen foar Trotwaer. De measte kamen út yn de bondel dy't ek Nei it lân fan palmerûzjen hiet. Doeke Sijens wie de earste Fryske auteur dy’t it tema fan de homoseksualiteit ‘fan binnen út’ beskreau. Fan 1993 - 2003 makke Sijens diel út fan de redaksje fan Trotwaer, dat yn 2002 opgie yn tydskrift De Moanne. Foar Trotwaer skreau er troch de jierren hinne in grut tal skôgings en essays op it mêd fan literatuer. In seleksje fan syn essays ferskynde as Douwe Kalma yn piama : en oare stikken oer de Fryske literatuer yn 2004. Sijens beljochtet yn syn skôgings minder bekende kanten fan soms kontroversjele auteurs as Reinder Brolsma, Douwe Kiestra en Douwe Kalma. Yn it libben fan skriuwer Reinder Brolsma (1882-1953) hie Doeke Sijens him al earder ferdjippe, dat resultearre yn Sa’n tûzen blauwe skriften: biografy fan Reinder Brolsma. Hjirfoar krige er yn 2002 de troch de provinsje ynstelde priis foar debutanten, de Fedde Schurerpriis. Yn 1994/1995 folge in betinkingsboek oer de Koperative útjouwerij In útjouwerij fan QuizeQuânsje : tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjouwerij.

Sijens skriuwt njonken proaza yn it Frysk ek yn it Nederlânsk, tegearre mei Coen Peppelenbos skreau er de roman Tavenier, in komyske gay-soap. Twa jier letter ferskynde it ferfolch ûnder de titel Harde actie : Tavenier 2. Syn ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen ferskynde yn 2007 yn de Nederlânsktalige oersetting Friese jongens en andere verhalen.

Yn oktober 2011 waard Sijens fêste kritikus fan de Fryske literatuer foar de Ljouwerter Krante, hy folge dêryn Jetske Bilker op.

  • 1987 - Josef Cohen: literator en bibliothecaris (monografy oer Josef Cohen)
  • 1995 - In útjouwerij fan QuizeQânsje - tinkboek by it 25 jierrich bestean fan de Koperative Utjouwerij (mei Henk van der Veer)
  • 1998 - Nei it lân fan palmerûzjen - (ferhalebondel)
  • 2001 - Sa’n tûzen blauwe skriften - biografy fan Reinder Brolsma
  • 2003 - Tavenier (gaysoap, Nederlânsktalich, mei Coen Peppelenbos, 2003)
  • 2004 - Douwe Kalma yn piama en oare stikken oer de Fryske literatuer (essays)
  • 2005 - Harde actie (gay-soap mei Coen Peppelenbos)
  • 2006 - Vader en zoon (oer skilderijen en tekeningen fan Gijsbert en George Martens)
  • 2007 - Friese jongens en andere verhalen (oersetting fan Nei it lân fan palmerûzjen)
  • 2009 - Wobbe Alkema: het absolute, het heldere (monografy oer Wobbe Alkema, mei Sjoerd van Faassen en August Hans den Boef)
  • 2010 - Blauw (roman)
  • 2012 - Eeuwige trouw (gay-soap mei Coen Peppelenbos)
  • 2014 - Lauwertakken en distels (resinsjes oer Louis Couperus - mei Coen Peppelenbos)
  • 2014 - Gerrit Benner (monografy oer Gerrit Benner)
  • 2015 - Voetsporen (monografy oer Fie Werkman)
  • 2018 - De Ploeg; Avant-garde in Groningen 1918 - 1928 (redaksje, mei Anneke de Vries, Jikke van der Spek, Egge Knol en Mariëtta Jansen)
  • 2018 - Aangeraakt door een nieuw licht, Alida Pott & De Ploeg (monografy oer Alida Pott)
  • 2019 - Jaap Min: wat zich schildert tussen polder en duin (monografy oer Jaap Min)
  • 2021 - De onbekende wereld van Henk Melgers (monografy oer Henk Melgers)
  • 2022 - Zonlicht en warmte spelen met de kleur (monografy oer Bé Kracht, mei Jannes de Vries)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje