Jaap Min (Bergen, 16 septimber 1914 – dêre, 6 oktober 1987) wie in Nederlânsk ekspresjonistysk keunstskilder.

Jaap Min
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jaap Min
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 septimber 1914
berteplak Bergen
stoarn 6 oktober 1987
stjerplak Bergen
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
streaming ekspresjonisme

Jaap Min waard berne yn it keunstnersdoarp Bergen yn in grutte katolike, kreative húshâlding. Op oantrún fan de skilder Matthieu Wiegman sette Jaap Min yn 1938 út ein mei syn stúdzje monumintale keunst oan de Ryksakademy te Amsterdam laat fan Johannes Hendricus Jurres en Heinrich Campendonk.

Yn 1939 makke er in stúdzjereis nei Padua en Verona dêr't er it wurk fan Massimo Campigli en Giotto yn him opnaam, dat fierders fan grutte ynfloed op syn wurk west hat. Teffens waard er bot beynfloede troch de Dútske keunstnersferiening Die Brücke.

Nei in tal opdrachten yn Limburch, wie er fan 1955 oant 1961 dosint oan de Jan van Eyck Akadeemje yn Maastricht.

Foaral troch syn religieuze eftergrûn en de ynfloed fan Campendonk hat er in soad wurk makke foar tsjerken, sa as krúsweistaasjes (yn oalje en freskotechnyk) en glês-yn-lead-ramen. In foarbyld dêrfan is te sjen yn de Pius X-tsjerke yn Alkmaar.

Jaap Min wie in omke fan de dichteres Neeltje Maria Min.

Jaap Min stoar yn de âldens fan 73 jier yn syn berteplak Bergen (NH).

Yn 2019 wie der foar it earst in oersjochtentoanstelling fan Min syn frije wurk yn Museum Belvedêre yn Oranjewâld mei de titel Wat zich schildert tussen polder en duin. Der waard in kar makke út goed 3000 wurken út Mins neilittenskip. Tagelyk wie der yn Galery Hoogenbosch op De Gordyk in útstalling fan syn akwarellen, mei de klam op lânskippen, en oar wurk op papier[1].

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oerset fan de Nederlânsktalige Wikipedia, Jaap Min
  1. Jaap Min ---, Frysk Deiblêd, 5 juny 2019