Alida Pott
Alida Jantina Pott (Grins, 8 jannewaris 1888 - dêre, 23 desimber 1931) wie in byldzjend keunstner en lid fan de Grinzer Keunstrûnte De Ploeg.
Alida Pott | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alida Jantina Pott | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 jannewaris 1888 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 23 desimber 1931 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keunstskilder | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Libben en wurk
bewurkje seksjeAlida Pott waard yn 1888 yn Grins berne. Se studearre oan de Akademy Minerva yn Grins en dêrnei oan de Haachske Tekenakademy. Yn 1912 studearre se ôf as tekenlearares en gie werom nei har bertestêd. Yn 1914 waard se tekenlearares oan de Kweekskoalle foar ûnderwizeressen. Se bleau oant 1930 oan dy skoalle ferbûn. Yn 1922 boaske se oan George Martens. Se stoar yn 1931 oan in longsykte yn de âldens fan 43 jier.
De Ploeg
bewurkje seksjeAlida Pott hearde ta de earste Ploegleden. Foar de priisfraach om ‘in ienfâldich tekenjend symboal’ te ûntwerpen foar de nije feriening, kaam se mei it winnende ûntwerp. Fan 1919 ôf foarmet in stilearre P it byldmerk fan ‘De Ploeg’. Se hie ferskate bestjoersfunksjes en se wie fan 1919 oant 1921 sekretaris. Oant 1922 behearde hja mei har wurk ta de fêste fertsjintwurdigers op de Ploegtentoanstellingen yn de sealen fan Pictura of by Keunsthannel Ongering. De eksposysje fan neijier 1925 wie de lêste dêr't se oan meidie.
Typearring fan it wurk
bewurkje seksjeAlida Pott wurke yn ferskate stilen stilen ‘fariearjend fan sekuer útwurke en tradisjoneel realisme oant in flak-dekorative styl, dêr't de trochwurking fan ferskate streamingen fan de avant-garde yn te sjen wie. Pott libbe yn ûnderskate wrâlden. Se wie sa Grinlânsks as Blauwborgje[1], mar se ferwurke ek Japanske keunst en liet de moderne tendinzen yn har wurk ta, noch foar't de oare Ploegers it ekspresjonisme of it konstruktivisme ûntdutsen hienen’ (Timmer, 2004, 52). Se hie hast alle techniken yn 'e macht, mar har akwarellen litte it meast útsprutsen ‘Pott-hânskrift’ sjen.
In bysûnder part fan har wurk binne de kollaazjes. Timmer (2004, 60-62) beskôget dy as ‘in posysje innimme oangeande de ekspresjonistyske wyn dy't troch ‘De Ploeg' waaide'. Nei alle gedachten wie se ynspirearre troch de dadaïstyske kollaazjes fan Kurt Schwitters.
Lykas in protte Ploegskilders wie Pott ek warber op it mêd fan foarmjouwing en ambachtskeunst. Se beskildere houten spjelden mei konstruktivistyske motiven en tekene dessins foar muorre- en tafelkleden.
Binnen ‘De Ploeg’ naam Alida Pott in apart plak yn. Har wurk kin net samar ûnderbrocht wurde by it typyske Ploeg-ekspresjonisme of konstruktivisme. Wol wie der in útwikseling fan ideeën mei har man Georg Martens, mar der kin net sein wurde dat der in sterke artistike besibbenens wie. Dêrfoar wiene harren karakters te ferskillend. Mei Jan Gerrit Jordens (Alida Pott wie befreone mei syn oarehelte Jet Jordens-Luchsinger) dielde se de fassinaasje foar beammen. Beide wiene ynteressearre yn de lineêre struktuer fan stam en takken (Timmer, 2004, 64).
Nei har dea
bewurkje seksjeNei har fersjerren waard it wurk fan Alida Pott bewarre troch Georg Martens. Yn de desennia dêrnei wie komselden yn it iepenbier te sjen. Earst yn 1981 wie der in grutte oersjochtentoanstelling yn de Fraeylemaboarch yn Slochteren.
Wurk
bewurkje seksjeIt Grinzer Museum hat trije fan har wurken yn de kolleksje: Meisje met rood lang haar en groene strik, Boomgaard Blauwborgje en it yn 'e mande mei har man makke ûntwerp foar in Jurievrij tentoonstelling fan de Ploeg.[2]
Literatuer
bewurkje seksje- Doeke Sijens, Aangeraakt door een nieuw licht. Alida Pott en De Ploeg. Grins, 2018.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|