Slochteren

(Trochferwiisd fan Slochteren (doarp))

Slochteren (Grinslannersk: Slochter) is in plak yn de gemeente Midden-Grinslân. Oant 1 jannewaris 2018 wie it it haadplak fan de oant dy tiid selsstannige gemeente Slochteren. Slochteren is ien fan de doarpen fan de Wâldstreek (Woldstreek) of Duerswâld (Duurswold), in namme dy't ferwiist nei de eardere feanbosken. It is in streekdoarp op in âlde, lange sânrêch troch it feangebiet, dêr't ek de doarpen Hellum, Kolham, Scharmer en Schildwolde op lizze. Slochteren is in beskerme doarpsgesicht.
Under Slochteren falle de buorskippen Denemarken en Schaaphok.

Slochteren
Fraeylemaboarch
Fraeylemaboarch
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 2.120 (2020) [1]
Oar
Ferkearsieren N387
Postkoade 9620 - 9621
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13' NB, 6° 48' EL
Offisjele webside
http://www.slochteren.nl/
Kaart
Slochteren (Grinslân)
Slochteren
Dizze side giet oer it doarp Slochteren. Foar de eardere gemeente, sjoch: Slochteren (gemeente).

Slochteren stiet ek bekend fanwegen it grutte gasfjild, dêr't Nederlân jierrenlang ekonomysk fan profitearre hat.

Slochteren úntstie troch it oanmeitsjen fan it heechfean oan de kant fan it rivierke de Slochter Ae, de bopperin fan de Fivel. It doarp datearret nei alle gedachten út de 9e of 10e iuw. It wurdt yn it twadde fearn fan de 11e ieu foar it earst as 'Slohtoron' neamd. De namme stamt fan it Aldfryske Slohtre, itjinge sompich lân betsjut. It wurd slōhtere ('modderich plak') is ek bekend yn it Aldingelsk. Yn Noard-Hollân waarden ek in pear feanrivierkes as Slochter oantsjut. Troch't de kavels om de tsjerke rjochte binne op Thesinge, wurdt oannommen dat de earste bewenners bannen hiene mei dat doarp.

De bewenners ferhûzen al gau nei de hegere sânrêch, dêr't it hjoeddeiske Slochteren op leit. Der lizze trije linten fan bebouwing efter inoar. It âldst is nei alle gedachten it buorskip Denemarken. Faaks bestie der boppedat noch in âlder lint by de Slochter Ae.

 
Protestantske tsjerke fan Slochteren

De tsjerke fan Slochteren is nei alle gedachten de âldste fan súdlik Duerswâld en tsjinne foarhinne ek as sintrum foar de rjochtspraak yn de krite. De parochys fan Kolham en Scharmer binne dêrút weikommen.

Yn de 18e en 19e iuw sette de tiid fan it ferfeantsjen útein. Eastlik fan it doarp binne noch de petgatten te finen, dy't yn de 19e iuw ûntstiene. Tsjintwurdich leit dêr ít beskerme natoergebiet 'De Baggerputten'. De keten fan de feanarbeiders stiene yn dy tiid yn Froombosch en de turf waard mei weinen nei Sappemeer brocht en fan dêr wei nei Grins. Ek it Slochterdjip, dat yn 1659 groeven waard troch Osebrandt Johan Rengers, hear fan Slochteren, waard brûkt foar it ôffieren fan de turf.

Yn 1811 waard it gebiet yn trije gemeentes ferdield: Harkstede, Slochteren en Siddebuorren. Se krigen elts in eigen 'maire' (boargemaster). In 1821 waard Harkstede wer by Slochteren yndield en Siddebuorren folge yn 1826. Sûnt dy tiid foarmen de doarpen wer ien gemeente. Mei it ferhurdzjen fan de diken waard de streek iepene. Yn Slochteren begûn dat mei de oanlis fan in grintdyk nei Noardbroek. Yn 1929 krige Slochteren ek oansluting op it spoar. It stasjonsgebou is noch jimmeroan oanwêzich, mar it spoar ferfoel yn 1941.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
De Fraeylemamûne
  • De 'Fraeylemaborg' (Hoofdweg 30) ûnstie yn de midsiuwen as in stiennen stienhûs by in houten pleats.
  • De 'Geertsemaheerd' oan it Padje 9 is in 18e-iuwske hearepleats, dy't twa iuwen yn besit west hat fan de famylje mei deselde namme. Yn it foarhûs binne trije pronkkeamers. By de pleats is in slingertún oanlein út 1850.
  • De 'Museumboerderij Duurswold' (Hoofdweg 271) is in foar dy streek karakteristike pleats. Yn de skuorre wurdt in samling ark en boerereau útstald.
  • Oan de Groenedijk steane trije poldermûnen, dy't allegear yn besit binne fan de Slochter Mûnestifting.
  • In part fan Slochteren is in beskerme doarpsgesicht. Fierder hat Slochteren noch in tal ryksmonuminten.

Berne yn Slochteren

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Midden-Grinslân  
Doarpen:
Borgercompagnie (foar in part)FoxholFroomboschHarkstedeHegesânHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part)TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens & buorskippen:
AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part)BokhörnBoven Veensloot (foar in part)BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part)KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf
  ·   ·