De Fraeylemamûne is ien fan 'e trije poldermûnen oan 'e Groenedijk by it Grinslânske doarp Slochteren. Sûnt 1969 wie de Slochter Mûnestifting eigner fan 'e mûne. Tsjintwurdich is it ien fan 'e mûnen fan 'e Mûnestifting Midden- en East-Grinslân.

Fraeylemamûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
plak Slochteren
adres Groenedijk 2-A
koördinaten 53°13'N, 6°47'E
bysûnderheden
type mûne poldermûne
funksje muonts
flecht 16 m
boujier 1786, werbou 1974
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33794 [1]
Webside
Mûnestifting Midden- en East-Grinslân
Kaart
Fraeylemamûne (Grinslân)
Fraeylemamûne

De mûne waard oanspronklik yn 1786 boud foar it bemeallen fan 'e 'Groote Oosterpolder' yn opdracht fan Hendrik de Sandra Veldtman, hear fan Slochteren en bewenner fan de Fraeylemaboarch.

By in stoarm op 9 en 10 novimber 1969 foel de hiele mûne om en briek de smei-izeren boppe-as. Yn it ramt fan 'e ruilferkaveling Slochteren waard in restauraasjeplan foar de mûne útfierd. Yn 1974 koe de mûne wer op 'e nij yn gebrûk nommen wurde foar it bemeallen fan 'e polder. De as fan 'e mûne is ôfkomstich fan in yn 1969 ôfbrutsen mûne út Lytsegast.

Yn jannewaris 2004 is de mûne troch de firma Molema útrist mei in nij boppetsjel en waard de fang reparearre en op 'e nij ôfsteld.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: