De Ruiten (Slochteren)
De Ruiten is in poldermûne by it doarp Slochteren yn de provinsje Grinslân.
De Ruiten | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
plak | Slochteren | |
adres | Groenedijk 28-A | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Poldermûne | |
boujier | 1935 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33796 [1] | |
offisjele webside | ||
Mûnestifting Midden- en East-Grinslân |
Yn 1786 waard de earste mûne fan it wetterskip 'De Ruiten' boud. Dy mûne baarnde yn 1854 ôf en waard ferfongen troch in nije mûne. Yn 1934 baarnde de mûne fannijs ôf. De weropbou fûn plak yn 1935, wêrby't in achtkant fan in âlde mûne brûkt waard.
De Ruiten is de lêste poldermûne fan de provinsje Grinslân dy't noch foar it beropsmjittich bemeallen boud is. Nei't de mûne yn 1968 bûten gebrûk steld waard naam de Slochter Mûnestifting de mûne oer. De nije mûne waard yn 1935 mei selsswichting útrisd, mar krige by de restauraasje yn 1973 it âldhollânsk wjuksysteem mei silen op de roeden. De Ruiten hat in flecht fan 21,50 meter.
Frijwillige mûnders litte de mûne regelmjittich wurkje. Hjoeddeiske eigner is de Mûnestifting Midden- en East-Grinslân.
Sjoch ek
bewurkje seksje- De Groote Polder, Groenedijk 22, Slochteren
- Fraeylemamûne, Groenedijk 2-A, Slochteren
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|