Hendrik de Sandra Veldtman
Hendrik de Sandra Veldtman, ek bekend as De Sandra Veldtman van Slochteren, (Grins, doopt 29 juny 1756 - 9 jannewaris 1816) wie in Nederlânske politikus en frijmitselder. Hy bewenne fan 1781 ôf de Fraeylemaborg yn Slochteren.
Libben en wurk
bewurkje seksjeDe Sandra Veldtman, soan fan Assuerus Joan Veldtman en Etta Catharina Emmen, beklaaide ferskate funksjes op provinsjaal en lanlik nivo. Hy waard op 7 maart 1795 ôffurdige út namme fan Grinslân foar de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, wie lid fan it departemintaal bestjoer fan Grinslân fan 4 juny 1802 oant 1 augustus 1805 en lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân foar de lanlike stân fan 19 septimber 1814 oant 1816.[1]
De Sandra Veldtman wie in warber lid fan de Grinzer loge L'Union Provinciale, in yn 1772 oprjochte frijmitselderslôzje. Der wurdt fan him sein dat de maçonnerike symbolyk him bot oanspruts. Soks docht bygelyks bliken út de plattegrûn fan it park fan de Fraeylemaborg dêr't ferskate maçonnike eleminten yn werom te kennen binne. (Under oaren leanen en in fiver dy't in passer en winkelheak mei in alsjend each, it symboal fan de frijmitselerij, foarmje.)[2]
De Sandra Veldtman wie teffens lid fan it genoatskip de Oeconomische Tak.
De Sandra Veldtman hat twaris troud west. Yn 1776 boaske er oant Johanna Catharina Aleida van Rehden en yn 1786 troude er fannijs mei Adelgunda Christina Wolthers. Ut it earste houlik waard in soan, en út it twadde waard in dochter berne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|