Slochteren (gemeente)
Slochteren (Grinslânsk: Slochter) is in eardere gemeente yn de Noardnederlânske provinsje Grinslân. It haadplak wie it doarp Slochteren en hie goed 14.000 ynwenners yn 'e tiid doe't de gemeente opheft waard. De gemeente kaam foar in grut part oerien mei de histoaryske lânkrite Duerswâld. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 gie de gemeente, tegearre mei de gemeenten Hegesân-Sappemeer en Menterwâlde op yn de nije fúzjegemeente Midden-Grinslân.
flagge | wapen |
---|---|
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Grinslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Slochteren |
grutste plak | Harkstede |
ynwennertal | 14.472 (2017) |
befolkingstichtens | 98 /km² |
oerflak | 158,77 km² |
● wêrfan lân | 153,04 km² |
● wêrfan wetter | 5,73 km² |
tal doarpen | 13 |
ferkearsieren | A7 N33 N387 |
skiednis | |
oprjochte | 1826 |
foar 1826 | Harkstede, Siddeburen, Slochteren |
opheft | 2017 |
opgien yn | Midden-Grinslân |
no part fan | Midden-Grinslân |
oar | |
netnûmer | 050, 0596, 0598 |
postkoade | 9615-9629, 9939 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.slochteren.nl |
Geografy
bewurkje seksjeDe gemeente Slochteren hie in oerflak fan 158,77 km² (wêrfan 5,73 km² wetter) en omfieme:
- de doarpen Froombosch, Harkstede, Hellum, Kolham, Luddeweer, Overschild, Scharmer, Schildwolde, Siddebuorren, Slochteren, Steendam, Tjuchem en Woudbloem;
- de buorskippen en útbuorrens Blokum, Denemarken, Gaarland, Heidenschap, Klein Harkstede, Lageland, Leentjer, Oostwold, De Paauwen, Ruiten, Schaaphok, Veendijk, Wilderhof en Zandwerf.
Nei it graven fan it Iemskanaal om 1870 hinne waard in part fan de gemeente Ten Boer (mei Blokum en Luddeweer) by Slochteren foege. De nije buert Meerstad gie op 1 jannewaris 2017 nei de gemeente Grins.
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Duerswâld (krite).
De gemeente Slochteren hie in lintbebouwing dy't foar it grutste part in sânrêch folge. Dat wie in oerbliuwsel fan de iistiid. Oare oerbliuwsels dêrfan binne pingoruïnen en in balstienrêch yn Schildwolde. Op dy lêste is in juffertoer boud.
Yn 1959 krige Slochteren waard ferneamd om it finen fan ierdgas yn de boaiem. By Kolham waard de earste fynst dien. De ierdgasbel fan Slochteren bliek ûnbidich grut te wêzen: 2.700 miljard m³ en waard de wichtichste ierdgaswinning yn Nederlân. Dêrtroch waard Nederlân de wichtichste ierdgas ynternasjonale leveransier fan ierdgas.
De Skyldmar wie de noch iennige grutte mar yn de gemeente. De stedswyk Meerstad by Harkstede, dy't in nije wenwyk oan in nije groeven mar is, soe ynearsten in selsstannich doarp foar in part op it gebiet fan de gemeente Slochteren boud wurde. Doe't de gemeentlike weryndieling wier wurde soe, waard er mei yngong fan 1 jannewaris 2017 by de gemeente Grins foege.
Op 1 jannewaria 2018 gie de gemeente Slochteren tegearre mei de gemeenten Hegesân-Sappemeer en Menterwâlde op in de nije gemeente Midden-Grinslân.