Ten Boer
Ten Boer is in plak en in eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Grinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 45,71 km² (0,46 km² is wetter) en hat in ynwennertal fan 7.233 (2000).
Yndieling gemeente
bewurkje seksjeDe gemeente Ten Boer hat noch de neikommende plakken: Achter-Thesinge, Garmerwolde, Kröddeburen, Lellens, Sint-Annen, Ten Post, Thesinge, Winneweer, Wittewierum en Woltersum. Tsjintwurdich is it Eemskanaal de eastgrins fan de gemeente. oarspronklik roan de gemeentegrins mear eastlik fan dit kanaal, mar dit part, dêr't de buorskippen Blokum, Graauwedijk, Heidenschap en Roeksweer ta hearden, waard yn 1962 by de gemeente Slochteren foege.
It lot fan de gemeente hat der om hinge by de gemeentlike weryndieling yn 1990; de noarm wie doe dat in gemeente teminsten 10.000 ynwenners hawwe moast, en Ten Boer foldie net oan dy noarm. In gearfoeging mei de gemeente Bedum gie lang om let dochs net troch. Sûnt 2006 hat Ten Boer op amtlik nivo in nauwe gearwurking mei de gemeente Grins. Ten Boer is in selsstannige gemeente, mar in protte taken wurde troch de gemeente Grins útfierd.
It doarp Ten Boer
bewurkje seksjeTen Boer leit sa'n fiif km benoardeasten fan de stêd Grins. Yn de 20e iuw hat it him ûntjûn (foar in part) ta in forinzeplak.
Yn 1301 waard der by it doarp in frouljuskleaster fanwege de Benediktinessen stifte. Fan dat kleaster is de hjoeddeiske Nederlânsk Herfoarme Tsjerke oerbleaun. Faaks is de tsjerke al set foar it kleaster, mar it hat der wol diel fan west.
Iepenbier ferfier
bewurkje seksjeDe neikommende buslinen fersoargje it iepenbier ferfier yn de gemeente Ten Boer:
Mûnen
bewurkje seksjeOan it Damsterdjip steane twa mûnen dy't beide yn de ôfrûne 20 jier as in feniks ta nij libben kaam binne:
- De nôt- en seachmûne Bovenrijge, yn 1903 boud en om 1985 hinne op 'en nij.
- De nôtmole De Widde Meuln út 1839 dy't yn 2005/2006 wer folslein opmakke is.
-
Ynterieur fan de kleastertsjerke
-
Mole Bovenrijge
-
It eardere gemeenthûs fan Ten Boer