Bovenrijge (mole)
De Bovenrijge is de namme fan in lytse nôt- en houtseachmûne oan it Damsterdjip by Ten Boer yn 'e provinsje Grinslân.
Bovenrijge | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Ten Boer | |
adres | Boltweg | |
koördinaten | 53°16'N 6°41'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
boujier | 1903 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9793 [1] | |
Webside | ||
De mûne op It Grinslânske Gea | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard oarspronklik yn 1903 yn it buorskip Bovenrijge tusken Thesinge en Ten Boer troch de boer G. van Dijk boud. Hy boude de mûne út nocht en foar eigen gebrûk. Oant yn 'e jierren 1950 fan 'e 20e iuw funksjonearre it mûntsje op dat plak.
Nei in tiidrek fan 'ferfal sakke de mûne yn 1976 yn inoar. De Feriening Freonen fan de Grinslânske Mûnen briek ta behâld de resten ôf en liet yn 'e jierren 1980 it mûntsje oan it Damsterdjip yn it buorskip Boltklap wer opbouwe. De mûne krige de namme fan 'e buorskip, dêr't er foar dy tiid stien hie.
It wjukkekrús is mei it fokwjuksysteem en selsswichting útrist. Yn 2007 waard de mûne oernommen troch de Stifting It Grinslânske Gea.
De mûne draait, seaget en mealt op frijwillige basis.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) Feriening De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|