Ten Post
|
Ten Post is in doarp yn de gemeente Grins. It doarp wurdt midstwa dield troch de wei fan Grins nei Delfsyl (N360). It westlike diel fan de wei mei de karakteristike nôtmûne de Olle Widde stiet bekend as Kröddeburen. Under Ten Post falle ek de pleatsen 'Altemaheerd', 'Fraaimaheerd', 'De Graslanden' en 'Oldenhuis'.
Skiednis
bewurkje seksjeDe plaknamme Ten Post wurdt foar it earst neamd yn in Frysktalich ferdrach út 1385 mei it segel fan de haadling Gerbod to tha Posta. Nei alle gedachten betsjut it "by de houten brêge" (nammentlik de houten brêge oer de Fivel). Te fergelykjen binne de plaknammen Bûtenpost en Lytsepost, dy't foar it earst yn 1388 as 'Post' foarkomme.
Yn 1424 waard it diel fan it Damsterdjip nei Grins groeven. It jaachpaad naam lang om let it ferkear oer fan it oarspronklike paad tusken de stêden Grins en Emden, wertroch't Ten Post de foarm fan in kanaaldoarp krige. It buorskip Kröddeburen ûnstie lykwols by de âlde ferkearsier. Oan de noardlike kant fan Ten Post lei de boarch Tammingahuizen. De grûn fan de boarch is noch jimmeroan goed yn it lânskip werom te finen. By it doarp hawwe fjouwer boargen stien: Oldenhuis, Tuwinga, Tammingahuizen en Aldersum.
Ten Post hie oant yn de 19e iuw gjin eigen tsjerke. Dochs foarme it doarp in eigen kerspel, dat him ûnderskiede fan it memmedoarp Witewierrum. De skoalle , dy't ûnderdiel wie fan de kosterij fan Witewierrum waard yn 1602 foar it earst neamd. Mooglik wie de skoalle al folle earder stifte troch it kleaster Bloemhof. By it doarp hearden ek de terpen Huisburen en Oldersum, dy't nei alle gedachten oant it ein fan de midsiuwen bewenne waarden. Oldersum, of Aldulfashem, waard al om it jier 1000 hinne neamd. De buorskip hie yn de 17e iuw in eigen diakony, dy't beheard waarden troch de bestjoerders fan it Oldersumer Kluft.
Twadde Wrâldkriich
bewurkje seksjeYn de hjerst fan 1944 waard it lân tusken it Iemskanaal en it Damsterdjip ûnder wetter set. Op 15 april 1945 waard de draaibrêge oer it Damsterdjip troch de Dútsers opblaasd, itjinge de omjouwing in soad skea besoarge. Nei de befrijing fan de stêd Grins waard op tiidsdei 17 april ek Ten Post troch Kanadeeske troepen befrijd.
Tsjerklik libben
bewurkje seksjeTsjerklik foel Ten Post eartiids ûnder it kerspel Witewierrum. De earste tsjerke yn Ten Post wie in ôfskieden tsjerke út 1846. Om 1875 hinne krige de tsjerke ek in herfoarme tsjerke. In Skoalle mei de Bibel folge yn 1906. It grutste diel fan de grifformearde tsjerke gyng yn 1945 oer op de frijmakking. Yn april 1970 wie der yn Ten Post in skuorring tusken bûtenferanners en frijmakken.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ten Post fan Wikimedia Commons. |