Damsterdjip

(Trochferwiisd fan Damsterdjip (kanaal))

It Damsterdjip (Grinslânsk: Damsterdaip) is in 27 km lang kanaal tusken de stêd Grins en Delfsyl, dêr't it útrint yn de Iems. It kanaal is ferneamd nei de stêd Appingedam.

Rin fan it Damsterdjip
It Damsterdjip by Garrelsweer
Hingjende kokens boppe it Damsterdjip yn Appingedam
It Damsterdjip by Delfsyl

Oan it Damsterdjip lizze de plakken: Grins, Oosterhoogebrug, Ruischerbrug, Garmerwolde, Ten Boer, Ten Post, Winneweer, Garrelsweer, Wirdumerdraai, Eekwerderdraai, Tjamsweer, Appingedam, Solwerd, Tuikwerd en Delfsyl.

It eastlike part fan Ten Post oant Delfsyl is de oarspronklike Delf, wat 'groeven' betsjut. Dat part stamt fan foar it jier 1000 en hie doe noch in iepen ferbining mei de see. Troch de ynfloed fan it tij krige it wetter dêr in meänderjende rin. By Delfsyl ûntstie dêrtroch it Tuikwerderrak, dat yn de 15e iuw bekend wie as Olde Ee. De earste ôfsluting lei by Appingedam. Om 1300 waard de mûning fan de Delf by Delfsyl ôfsletten mei trije silen.

It westlik part fan it kanaal rint hast stokrjocht fan Grins oant Ten Post en datearret fan om 1424. Dat trasee hie in âldere foarrinner, dy't by de Grasdijk del rûn. Yn 1419 wie der praat fan de Damster vaert ûnder Heidenschap, yn 1469 fan it olde Damster maer.[1] Dy foarrinner waard nei alle gedachten yn 1370 dold, doe't de doarpen Middelbert en Engelbert tastimming krigen harren oertallich wetter oer de Euvelgunner Waterlozing of Midelberghera Weterlesne en it Oldemaar yn de rjochting fan Delfsyl te lossen. Yn 1424 waarden ek in part fan it Oosterstadshamrik en yn 1434 it fierdere gebiet talitten by it Generale Zijlvest der Drie Delfzijlen. It nije Damsterdjip moast de tanommen wetterstream nei see liede. De nije lannen fan it sylfest waarden ferplichte in kanaal te graven van Gronyngen in de Lustighe Maere (in wettergong by Ten Boer). Neffens in ferdrach út 1440 moast de nijen dijck bijlanges het nijen deep oftewol (neffens in letter ôfskrift) de Nijenwall bij Dampster diep fjouwer foet (1.58 m) heech wêze.[2] De namme Damsterdeep komt foar it earst foar yn de kronyk fan Johan Lemego, skreaun om 1425-1427 hinne, mar allinne bewarre yn lettere ôfskriften.[3] It Wierumer Zijlboek (om 1470) hat it noch oer it Groniger deep, in akte út 1462 neamt it wetter derfoaroer Damsater deepp ('Appingedammer djip').

De brêgen of tillen oer it kanaal wiene faak in djoere ynvestearring. De Eekwerdertil (1449: Ekawerdertil) datearret út teminsten de 15e iuw en waard troch trije waarmannen út Eekwerd, Zeerijp en Eenum ûnderholden. Harren útjeften skreaune se op yn it tyllboeck. Oer dy brêge koene de bewenners fan de kustdoarpen de leechlizzende healannen oan it Schildmeer berikke. Nei it yn ferfal reitsjen fan de tille by de Popingeweg mochten de ynwenners fan 't Zandt fan 1588 ôf ek tsjin beteljen gebrûk fan de brêge meitsje. By de brêge stie in galge.

Oare wichtige tillen leine by Muda (neamd yn 1439), Merum, Loppersum, Wirdum en Tjamsweer. Appingedam hie fjouwer fêste brêgen, de stiennen Damsterbrêge (1400), Broederbrug of Vlintenbrug, fierder in flapbrêge oer de Groote Heekt. Fêste brêgen wiene der ek yn Oosterhoogebrug (1428), Ruischerbrug (1465) en Ten Post.

Yn 1650 stifte Stad en Lande de earste trekskiptsjinst tusken Grins en Delfsyl. De kommissaris dy't it tafersjoch op it Damsterdjip hie bewenne yn de 18e iuw in hearehûs mei herberch anneks yn Winneweer.

De roman De nieuwe man (2003) fan Thomas Rosenboom spilet him ôf yn de kriten om it Damsterdjip.

  • O.S. Knottnerus, Natte voeten, vette klei. Oostelijk Fivelingo en het water, Bedum 2008, 2e dr. 2015 (Archeologie in Groningen, dl. 3)
  • W.A. Ligtendag, De Wolden en het water. De landschaps- en waterstaatsontwikkeling in het lage land ten oosten van de stad Groningen vanaf de volle middeleeuwen tot ca. 1870 [dissertaaasje], Grins, 1995.
  • G.S. Overdiep et al., De geschiedenis van het Damsterdiep. Tentoonstelling in het koor van de Martinikerk in Groningen 8 juli t/m 12 augustus 1995, georganiseerd door de Vereniging van Vrienden van het Museum voor Groningse Geschiedenis [katalogus], Grins. s.j.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: