Engelbert (doarp)

Engelbert (doarp)
Himrik fan Engelbert (doarp)
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
Ynwenners (2018) 890
Koördinaten 53°12'32"N 6°38'47"E
Netnûmer 050
Postkoade 9723
Webstee Doarpsbelang Meerdorpen

Engelbert is in doarp yn de gemeente Grins yn de provinsje Grinslân. It leit eastlik fan de stêd. Oant 1969 hearde it ta de eardere gemeente Noarddyk. Oarspronklik wie Engelbert ien fan de karspelen fan it Goarjocht.

Engelbert is ien fan de fjouwer MEER-doarpen, de oare doarpen binne Euvelgunne, Middelbert en Roodehaan.
It doarp leit yn it gebiet dat ornearre is foar in grutte stêdsútwreiding fan Grins, Marstêd. Yn dy plannen sil Engelbert wol syn doarpsk karakter hâlde.

Om't Engelbert ticht by Grins leit binne dêr net safolle foarsjennings. Der is wol in basisskoalle: O.B.S. De Driebond, in iisbaan, in fuotbalferiening: Fuotbalferiening Engelbert, en it natuerbad Engelbert, mei in kemping. Fierders hat it plak twa kafees, en in multifunksjoneel sintrum (MFC), mei ferskate ferienings.

De namme Engelbert betsjut lytse buorren of lyts doarp.

  De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Engelbert.

De Tsjerke fan Engelbert datearret út de 13e iuw en is sûnt 2000 yn it besit fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke is in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Grins  
Stêd:
Grins
Doarpen:
GarmerwoldeGlimmenHarenHarkstede (foar in part)HoogkerkLagelandLellensMeerstadMiddelbertNoarddykNoardlarenOnnenPaterswolde (foar in part) • Sint-AnnenTen BoerTen PostThesingeWinneweer (foar in part)WitewierrumWoltersum
Buorskippen:
Achter-ThesingeBoltklapBouwerschapBovenrijgeDilgtDorkwerdEngelbertEmmerwoldeEssenEuvelgunneFellandHarendermolenHemertHemmenLeechtsjerkHoornsedijkKlein HarkstedeKröddeburenLagewegLutjewolde (foar in part)OosterdijkshornOude RoodehaanRoodehaanSlaperstilSteerwoldeVierverlatenZevenhuisjes
Eardere doarpen en buorskippen:
NoorderhoogebrugOosterhoogebrugRuischerbrug
Wetter:
HoendjipNoard-WillemskanaalPaterswoldsemar (foar in part)WynskoaterdjipVan Starkenborghkanaal
  ·   ·