Witewierrum
Witewierrum (Nederlânsk en offisjeel: Wittewierum) is in doarpke yn de gemeente Grins (earder yn de gemeente Ten Boer) yn de provinsje Grinslân. It leit oan de wei fan Ten Post nei Schildwolde. Der wenje neffens it CBS 60 minsken (2009). Neffens de gemeente sels (sûnder jier) wenje der lykwols ± 140 minsken.
It doarp is benammen bekend omdat dêr yn 1213 it kleaster Blomhôf stifte waard troch Emo fan Huzinge, dy't ek begûn is mei de weardefolle kleasterkronyk. Dat kleaster hat in grutte rol spile yn it bestjoer fan it Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen. De gebouwen fan it kleaster binne ôfbrutsen troch Johan Knijff (1561 - 1576), dy't ûnder it bewâld fan de hartoch fan Alva beneamd wie ta biskop fan Grins. Mei de stiennen dêrfan binnen grutte dielen fan it tsjintwurdige Prinsenhof boud. Op de fûneminten fan it kleaster waard yn 1863 it tsjerkje fan Witewierrum boud.
De namme Witewierrum ferwiist nei it kleaster. Oarspronklik hjitte it doarp Wierum. Omdat der yn Grinslân meardere plakken Wierum hjitten, waard dit Witewierrum, in ferwizing nei de wite klean fan de Premonstratinzers.
-
Kleastertsjerke ±1600
-
Alde tsjerke, Oldenhuis and Tuwinga
-
Ofwetteringskaart ein 18e iuw
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|