Wynskoaterdjip
It Wynskoaterdjip (Nederlânsk: Winschoterdiep) is in kanaal fan Grins, fan de oansluting op it Iemskanaal ôf, nei Wynskoat, dêr't it him ôfspjalt yn de Rensel, it lêste stik nei Wynskoat, en de oansluting op de Pekel A. It Wynskoaterdjip is wynliken de fuortsetting fan it Schuitendiep dat om 1400 hinne fan Grins nei Foxhol groeven waard.
Skiednis
bewurkje seksjeYn it tiidrek fan 1618 oant en mei 1628 waard it part fan Foxhol oant Súdbroek oanlein as part fan de feanterij. Dat kanaal krige ynearsten noch de namme Schuitendiep. Fan 1634 oant 1636 waard dat yn westlike rjochting ferlinge oant de Hunze en yn eastlike rjochting oant Wynskoat en de Pekel A. Dat part hiet ynearsten it Heerendiep.
Feroarings
bewurkje seksjeDe rin fan it kanaal waard yn de rin fan de tiid gauris oanpast. De grutste oanpassing wie de rekonstruksje en ferbreding fan it kanaal yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw. It kanaal einige foarhinne yn de Easterhaven fan Grins, op it ferlingde fan it hjoeddeiske Schuitendiep; no einiget it sa'n oardel kilometer beëasten op it ferlingde fan it Van Starkenborghkanaal. De eardere westlike takke wurdt no it Alde Wynskoaterdjip neamd. It yndustryterrein dernjonken hat deselde namme.
De rin troch Hegesân-Sappemar is ek feroare. Ynearsten rûn it dwers troch de beboude kom hinne. It measte is dimpt. Allinnich fan Foxhol nei Martenshoek en eastlik fan Sappemar binne noch twa dearinnende stikken fan it kanaal oer. De rin tusken Scheemda en Eexta waard nei it suden ferlein, wylst it fierdere ferrin by Heiligerlee lâns en oer de Venne yn Wynskoat yn de rjochting fan de Rensel kaam te ferfallen.
Hjoed-de-dei
bewurkje seksjeIt kanaal is hjoed-de-dei 35,5 km lang en is gaadlik foar skippen oant 1350 ton. It hat sechtjin brêgen en in kearslûs; in skutslûs fan 85 meter by Súdbroek mei in kearslûs fan 12 meter, beide by de útmûning fan it A.G. Wildervanckkanaal en de Eexterslûs fan 100 meter by Scheemda.
Yn it part tusken Hegesân en Waterhuizen binne inkelde skipswerven.