A.G. Wildervanckkanaal

It A.G. Wildervanckkanaal is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Grinslân en is 32 kilometer lang. It waard yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw oanlein as skipfeartkanaal foar de yndustry yn Feandam.

It A.G. Wildervanckkanaal by it gemaal Mr. V.M. Vennix by Musselkanaal, mei it keunstwurk fan Kie Ellens Waving, not drowning

It kanaal waard neamd nei Adriaan Geerts Wildervanck, de stifter fan de doarpen Feandam en Wildervank.

It kanaal rûn earst fan it Wynskoaterdjip by Súdbroek nei de Dalweg yn Wildervank. Yn de tachtiger jierren fan de tweintichste iuw waard it kanaal ferlinge mei in sydtakke fan Feandam nei Musselkanaal. It ferlingde part fan it kanaal begjint by de eardere striekartonfabryk De Vrijheid by Feandam en rint rjochting Ommelannerwyk. Dêrnei rint er nei it súdsúdeasten oant de útbuorren Hoetmansmeer by Boppe Pekela. Fan dêrwei bûcht er nei it súdeasten en rint er benoarden Stedskanaal. It krúst it natuergebiet De Veenhuizerstukken en foarmet de grins fan it rekreaasjegebiet Pagedal en fan dêrwei rint it kanaal parallel mei de N366. Dêrnei lizze Vledderveen en Mussel benoardeasten it kanaal en Musselkanaal leit besúdwesten dêrfan. It kanaal einiget yn it Mussel-Aa-kanaal. Op kilometer 7,3 fan it kanaal leit in skutslûs nei it Oosterdiep, nei it Stedskanaal, it Musselkanaal en it Ter Apelkanaal.

It ferlingde part waard ein tachtiger jierren oanlein om oerstallich reinwetter ôf te fieren en yn drûge tiid wetter foar de Iselmar oan te fieren. De Grinzer Feankoloanjes hawwe ferskate kearen te krijen hân mei ûnbidige reinfal dat ta oerfersêdzjen fan de ikkers late mei lytse oerstreamings en miswaaksen ta gefolch. It A.G. Wildervanckkanaal moast helpe en meitsje dêr in ein oan.

 
It A.G. Wildervanckkanaal by Hoetmansmeer