Vledderveen (Stedskanaal)
Vledderveen is in doarp yn de gemeente Stedskanaal yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It is ien fan de jongste feankoloanjes yn Grinslân. It leit streekrjocht beëasten de kearn fan Stedskanaal en hie yn 2019 290 ynwenners mei 120 huzen. Under it doarp falt 3e Oomsberg dat part fan de buorskip Oomsberg is.
Vledderveen | ||
Lokaasje Vledderveen yn de gemeente Stedskanaal | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Stedskanaal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 290 | |
Oar | ||
Postkoade | 9585 | |
Koördinaten | 52° 59' NB, 7° 0' EL | |
Offisjele webside | ||
www.vledderveengroningen.nl |
Namme
bewurkje seksjeDe namme "Vledder" (fledder) tsjut op sompige grûn of sompige greide. It doarp waard oant de iere tweintichste iuw Vledder Batten neamd, sa't it gebiet fanâlds hiet. Om 1930 hinne waard de namme Vledderveen brûkt.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1880 waard úteinsetten mei de feanterij fan it fean yn de streek. De earste wente waard yn 1883 boud. Yn 1903 krijt it doarp in iepenbiere legere skoalle, yn 1915 in tsjerke en yn 1929 in kristlike legere skoalle.
Vledderveen hat lintbebouwing en der is de tsjerke enin kafee. Bûten de buorren is der in crossbaan, in kartingbaan en it Fleanfjild Stedskanaal dat eartiids Fleanfjild Westerwâlde hiet.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Tsjerke fan de Herfoarme Evangelisaasje Jeruël.
- It Fledderbosk
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Stedskanaal | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Kopstukken • Mussel • Musselkanaal • Onstwedde • Stedskanaal • Vledderveen • Zandberg | ||
Buorskippen: Barlage • Blekslage • Braamberg • Ceresdorp • Höchte • Höfte • Holte • Horsten • Oomsberg • Smeerling • Sterenborg • Tange • Ter Maarsch • Ter Wupping • Veenhuizen • Vledderhuizen • Vosseberg • Wessinghuizen | ||
Wetter: A.G. Wildervanckkanaal • Mussel Aa • Mussel-Aa-kanaal • Musselkanaal • Stedskanaal | ||
· · |