Oomsberg (Grinslânsk: Oomsbaarg) is in buorskip en streek yn de gemeente Stedskanaal yn de provinsje Grinslân.

Oomsberg
Keunstwurk fan Kie Ellens Waving, not drowning by it gemaal Mr. V.M. Vennix by Musselkanaal
Keunstwurk fan Kie Ellens Waving, not drowning by it gemaal Mr. V.M. Vennix by Musselkanaal
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 100
Oar
Koördinaten 52° 58' NB, 7° 2' EL

It is in plakje dat út trije parten bestiet; 1e Oomsberg, 2e Oomsberg en 3eOomsberg. De 1e en 2e Oomsberg falle ûnder it doarp Musselkanaal en lizze beide heaks op de Exloërweg. Hja wurde skaat troch de N366 en it A.G. Wildervanckkanaal. 3e Oomsberg is wat grutter en wurdt sjoen as it "haadplak" fan de trije Oomsbergen en dat falt ûnder it doarp Vledderveen. It leit op in lange rjochte dyk fan Mussel nei Vledderveen.

De namme Oomsberg, earder ek wol Oompiesberg (1828) en Omersberg (1867) ferwiist nei in sânige hichte yn it fean (berg, dat "berch" betsjut) mei de persoansnamme Ome.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

It gemaal by 1e Oomsberg mei it keunstwurk fan Kie Ellens Waving, not drowning fan 1994.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Stedskanaal  
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
  ·   ·