Onstwedde is in doarp yn de gemeente Stedskanaal, yn de regio Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. Yn 2019 hie it doarpsgebiet 2.900 ynwenners dêr't der 1.945 yn de buorren fan Ostwedde wennen.

Onstwedde
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Stedskanaal
Sifers
Ynwennertal 2.900 (1 jannewaris 2019)
Oerflak 40 km²
Befolkingstichtens 73/ km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 2′ NB 7° 2′ EL
Webside www.onstwedde.info
Nikolaastsjerke mei de juffertoer
Onstwedde op in topografyske kaart út 1933

Under it doarp Onstwedde falle ek de tolve buorskippen: Barlage, Blekslage, Höfte, Holte, Smeerling, Sterenborg, Ter Maarsch, Ter Wupping, Veenhuizen, Vledderhuizen, Vosseberg en Wessinghuizen.

Eartiids wie Onstwedde in selsstannige gemeente, doe't yn 1969 it mei in part fan de gemeente Wildervank gearfoege waard ta de nije gemeente Stedskanaal. It wapen fan de gemeente Onstwedde waard de wapen fan de gemeente Stedskanaal. It gemeentehûs stie ynearsten ek yn Onstwedde, mar ferhuze yn de njoggentjinde iuw al nei Stedskanaal. It âlde gemeentehûs stiet oan De Brink en is hjoed-de-dei in monumint.

Namme bewurkje seksje

Onstwedde waard foar it earst neamd oan de ein fan de njoggende iuw, yn dokuminten fan de Abdij Werden oan de Ruhr as Uneswido in Westerwalda. It efterheaksel wido, dat letter ferbastere waard ta wedde, betsjut "bosk". It earste part Une komt nei alle gedachten fan in persoansnamme. Yn 1150 komt de namme Unsvede foar op in list fan de Abdij fan Corvey.

Skiednis bewurkje seksje

Onstwedde is in âld iesdoarp. Der moast yn de njoggende of tsiende iuw al in delsetting west hawwe. It doarp leit oan de Mussel Aa, justjes benefter de gearrin mei it Pagediep. Onstwedde hat in dûbele brink, dêr't de earste brink oan de súdkant fan it doarp leit, tichteby de Nederlânsk-Herfoarme tsjerke by de krusing fan de Hardingstraat mei de Dorpsstraat en hat ek de namme Brink. Dat part fan it doarp waard eartiids Loug neamd. De oare brink leit by de krusing fan de Dorpstraat mei de Jabbingelaan en dat part fan it doarp waard Wold neamd.

De Nikolaastsjerke waard om 1500 hinne boud. De Juffertoer is wol goed in oardel jier âlder. Om 1150 hinne moast der al in tsjerke stien hawwe, want doe waard de tsjerke fan Unsvede, dat doe de iennige tsjerke yn Westerwâlde wie, neamd yn in list fan de Abdij fan Corvey. It doarp hearde, lykas de rêst fan Westerwâlde, tsjerklik ta it Bisdom Osnabrück, wylst it wrâldlik gesach ûnder bewâld fan de biskop fan Múnster wie. De pastoar waard troch de abt fan Corvey beneamd, wylst dy dat wynliken oan de parochianen oerliet. De tsjerke foarme it sintrum fan it seendrjocht yn it aartsdiakonaat Fryslân, dêr't ek grutte parten fan it Iemslân by hearden.

Yn de fyftjinde iuw hiene de pastoars gauris spul mei de famylje Addinga, dy't Westerwâlde út namme fan de biskop fan Múnster en de abt fan Corvey bestjoerde. Yn 1474 waard de nij keazen pastoar en syn plakferfanger yn opdracht fan Haye Addinga fermoarde. It folk fan Westerwâlde ferjagen de Addinga's mei stipe fan de stêd Grins, dy't it bestjoer oer Westerwâlde oernaam.

De oergong nei it protestantisme yn de omkriten ferrûn yn 1594 frij rêstich. De pastoars wiene al sûnt de mid-sechtjinde iuw Lutherskgesind. Yn Dútslân hiene de Luthersken oer it algemien net in soad problemen mei katolike oerbliuwsels yn de tsjerke en dat gou ek foar de ynwenners fan Onstwedde, ta argewaasje fan de strange kalvinisten.

Yn 1916 krige Onstwedde yn it ramt fan it plan fan de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde in haven oan de eastkant fan it doarp. Dy haven foarme de útein fan in ôfspjalting fan it Mussel-Aa-kanaal. Dy haven waard benammen brûkt foar it yn- en útfieren fan lânbouprodukten. Nei de Twadde Wrâldkriich naam de skipfeart ôf en waard it kanaal sletten foar de skipfeart. Yn 1977 waard it 1100-jierrich bestean fan it doarp fierd.

Eardere gemeente bewurkje seksje

 
Kaart fan de gemeente Onstwedde yn 1877

De gemeente Onstwedde is in eardere gemeente, dy't yn 1811 ûntstie troch it ôfspjalten fan de doetiidske gemeente Bourtange. It feangebiet besúdwesten Onstwedde wie doe noch net oanmakke. Yn de iere njoggentjinde iuw ûntstie by it nij groeven Stedskanaal del lintbebouwing. It noardwestlike part fan dy bebouwing lei yn de gemeente Wildervank en it súdeastlike part lei yn de gemeente Onstwedde. It feankoloniale part fan de gemeente waard yn de rin fan de njoggentjinde iuw hieltyd wichtiger as it agraryske part om Onstwedde hinne. Der giene doe al stimmen op en meistje fan it feankoloniale part by it Stedskanaal del in selsstannige gemeente, mar dy ferskate kearen fan besykjen mislearren. Wol ferhuze it bestjoerlik sintrum fan de gemeente fan Onstwedde nei Stedskanaal. Yn 1863 waard besletten en ferhúzje it gemeentehûs nei Stedskanaal, dêr't yn 1882 in nij gemeentehûs boud waard. De gemeente bleau lykwols al Onstwedde hjitten. Yn de rin fan de tweintichste iuw mei it kommen fan Philips nei Stedskanaal, waard dat plak ekonomysk hieltyd wichtiger. Yn de sechtiger jierren waard besletten en hef de gemeente Wildervank op. Op 1 jannewaris 1969 waard in part by Feandam foege en it oerbliuwende part waard mei Onstwedde foege en dy krige de namme Stedskanaal. Dêrmei kaam foargoed in ein oan it bestean fan de gemeente Onstwedde.

Doe't yn 2018 de nije gemeente Westerwâlde, troch it gearfoegjen fan de gemeenten Vlagtwedde en Bellingwedde, ûntstie, wiene der ek guon fan betinken dat Onstwedde him fan de gemeente Stedskanaal ôfspjalte moast en nei de nije gemeente Westerwâlde ta gean moast, fanwegen de lânskiplike en kulturele oerienkomsten mei Westerwâlde en de ferskillen dêrfan mei de Kanaalstreek.[1][2][3]

Gea bewurkje seksje

Tichteby it doarp lizze in pear hichten dy't om tsien meter hinne boppe NAP binne: de Onstwedder Holte en de ies by Veenhuizen. Dy heuvels binne morenen út it Saalien, de ien nei lêste Iistiid. Benoarden it doarp leit op de sydkant fan de Onstwedder Holte it Dr. Hommesbosk, dat in natuergebiet is yn behear fan it Grinslanner Lânskip.

Ek binne der by Onstwedde in stikmannich sâltkoepels ûnder de grûn.

Oan de eastkant fan it doarp is in gea, dêr't it âlde hoevegea troch Steatsboskbehear fannijs opboud wurdt. Dat gebiet wurdt skaaimerke troch rivierdunen, lytse bosken, iesen en leech lizzend grûn by de beken Mussel Aa en Ruiten Aa del.

Foarsjennings bewurkje seksje

Ferfier bewurkje seksje

 
De Grifformearde Tsjerke fan Onstwedde

Troch it doarp hinne rint de N365. Fierder hat it doarp in busferbining, dy't betsjinne wurdt troch Qbuzz, mei Stedskanaal en Wynskoat.

Religy bewurkje seksje

Berne yn Onstwedde bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:


 
Stedskanaal
 
Doarpen:
AlteveerKopstukkenMusselMusselkanaalOnstweddeStedskanaalVledderveenZandberg
Buorskippen:
BarlageBlekslageBraambergCeresdorpHöchteHöfteHolteHorstenOomsbergSmeerlingSterenborgTangeTer MaarschTer WuppingVeenhuizenVledderhuizenVossebergWessinghuizen
Wetter:
A.G. WildervanckkanaalMussel AaMussel-Aa-kanaalMusselkanaalStedskanaal
wizigje