Loug (bytiden: loeg, Aldgrinslânsk: Loghe, Eastfrysk: loog) is it Grinslânske wurd foar doarp. Wynliken wurd mei loug de kom fan it doarp bedoeld. It wurd is besibbe oan it Latynske locus ("plak") en Aldingelsk leah ("iepen fjild").

Yn ferskate doarpen komt de namme foar yn de strjitnamme, lykas yn Spijk, Muntendam (Tusschenloegen) en it Drintske Anderen ('t Loeg), of as yn de namme fan in part fan it doarp, lykas yn Onstwedde. Yn Ten Boer is in put mei de namme: Lougsterput, de put foar it gânse doarp.

In doarpsbewenner waard yn it Grinslânsk wol lougster neamd, mar is dochs ferâldere.

It wurd kin ek weromkomme as in efterheaksel -lo yn plaknammen lykas Baflo en Anloo, hoewol't dy ek ferwize kinne nei in wâld of sompe.

De stêd Grins hat as bijnamme: Groot Loug (Grut Doarp). De ynwenners fan de rêst fan de provinsje wurde ek wol (lykas yn it Grinslânske folksliet) Volk van Loug en Stad neamd. Dêrby slacht "Stad" op de stêd Grins en "loug" op de Ommelannen, dêr't hast allinnich doarpen binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlandse waternamem, M. Schönfeld, Amsterdam, 1955, side 154