Muntendam is in doarp yn de gemeente Midden-Grinslân, yn de Nederlânske provinsje Grinslân. Muntendam foarme al sûnt de midsiuwen in selsstannich kerspel, mar foel oant 1840 tsjerklik ûnder Súdbroek. Sûnt 1811 foarme it in selsstannige gemeente.

Muntendam
Alde gemeentehûs fan Muntendam
Alde gemeentehûs fan Muntendam
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Midden-Grinslân
Sifers
Ynwennertal 4.635 (2021) [1]
Oerflak 12,88 km²
lân: 12,55
wetter 0,32 km²
Befolkingsticht. 369 ynw. / km²
Oar
Postkoade 9651
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 6° 52' E
Offisjele webside
Menterwolde.info
Kaart
Muntendam (Grinslân)
Muntendam

Nei de gemeentlike weryndieling is Muntendam op 1 jannewaris 1990 gearfoege mei de doarpen Meeden (gemeente Meeden), Noardbroek en Súdbroek (gemeente Oosterbroek) ta de gemeente Menterwâlde. Dy gemeente is dêrnei op 1 jannewaris 2018 opgien yn de gemeente Midden-Grinslân.

Doarpen en buorskippen bewurkje seksje

Ta de eardere gemeente Muntendam hearden ek grutte stikken fan de doarpen Borgercompagnie en Tripscompagnie. Under Muntendam falle ek de buorskippen Duurkenakker (gedieltlik), Het Veen, Tussenklappen en de eartiidske buorskip Oude Verlaat. Panorama_Muntendam.JPG

Skiednis bewurkje seksje

Muntendam leit op de grins fan it Aldamt en de Grinslanner feankoloanjes en leit himelsbreed 22 km fan de stêd Grins (oer de gongwei berekkene). De earste kear dat Muntendam neamd waard wie yn 1391. Fanâlds wie Muntendam in feanoanmakdoarp, dat ûntstie yn de omkiten fan in daam yn it rivierke de Munter Ie. Nei de ynbrek fan de Doalert yn de fyftjinde iuw rekke de bewenning konsintrearre om de natuerlike sânhichte dêr’t no de buorren leit.

 
Tsjerkestrjitte 15

Iuwenlang foarme Muntendam in arbeidsreserve foar de omlizzende polderdoarpen en feangraverijen, letter ek foar de lânbou-yndustry. Dêrneist fertsjinnen in soad minsken de kost mei ambulante hannel, ûnder oaren mei sinesappels en heidebiezems. Dêrút kamen nei 1900 inkele hannelsûndernimmingen fuort. Bûten twa stienfabriken hat it doarp net folle yndustry hân. Lanlik bekend waarden de caravans fan de bruorren Otten, in fabryk dy’t fan 1956 oant 1994 bestien hat.

Fanwege de tige algemiene earmoede en de sosjale misstannen waarden de ynwenners fan Muntendam yn de omlizzende doarpen earder net altyd mei respekt behannele. Binnen de hechte doarpsmienskip joech it lykwols gjin foech om de eigen doarpsgenoaten te diskriminearjen. Dy tekenjende pleatslike kultuer is noch altyd op te merken. Muntendam stie bekend as 'it readste doarp fan Nederlân', fanwege it grutte oantal stimmen dat útbrocht wurdt op de Partij fan de Arbeid en oare linkse partijen, yn it ferline benammen de CPN.

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
PKN-tsjerke (earder herfoarme tsjerke)

It doarp hat twa ryksmonuminten. De eardere herfoarme tsjerke, tsjintwurdich de PKN-tsjerke, is fanwegen it oargel fan Van Oeckelen in ryksmonumint. De 'Schaive Klabbe' oan de wei nei Súdbroek is fanwegen in bysûnder mechanisme in unike flapbrêge.

Oan de westkant fan it doarp leit sûnt 1982 in hiemtún, dêr’t ferskate miljeutypen makke binne en dêr’t mear as 300 planten groeie. Sûnt 2006 is Steatsboskbehear dwaande dit gebiet út te wreidzjen mei it natoerpark “Tussen de Venen”, wêrnei’t it totale areaal groeid is nei 50 hektare.

Kouvreters bewurkje seksje

Sûnt jier en dei steane Muntendammers bekend as Muntendammer Kouvreters. It wie yn de Frânske tiid dat de Muntendammers harren bynamme krigen. De Frânsken wiene oermachtich yn it doarp dat doe al Muntendam hjitte. Se bemachtigen alles wat los en fêst siet, sa ek de kij. Faaks waarden de kij út de rjochting fan Feandam helle, sadat se dêrnei mei de Frânsken mei rjochting Súdbroek giene. De Frânsken moasten mei it krekt bemachtige bist dwers troch Muntendam. No mienden de Muntendammers oer it generaal net, dat it bist nei Súdbroek woe. Neffens ien fan harren, bleau it bist leaver yn Muntendam. Omdat de Frânsken gjin wurd Nederlânsk sprutsen en ek de Muntendammers dy taal amper sprutsen, late dat faak ta in konflikt. Meastal wiene it de Muntendammers, dy’t úteinlik oan de langste ein lutsen. Hjirtroch waarden Muntendammers destiids, mar ek no noch, oantsjutten as Kouvreters.

Berne yn Muntendam bewurkje seksje

  • Hieronimus Venema (1877-1957), boargemaster
  • Harry Blauw (1923-1943), krige op 17-jierrige leeftyd it Krús fan Fertsjinste
  • Oompie Koerier (1937-2000), echte namme Barteld Grofsmid, eterpiraat
  • Geert Jan Olsder (1944), wiskundige en eardere heechlearaar
  • Jan Schipper (1947-1985), fuotballer
  • Jaap Dijkstra (1954), politikus
  • Martijn Keizer (1988), hurdfytser
  • Jeremy Gall (1995), fuotballer

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Midden-Grinslân
 
Haadplak: Hegesân
Doarpen: Borgercompagnie (foar in part) • FoxholFroomboschHarkstedeHellumKiel-WindeweerKolhamKropswoldeLuddeweerMeedenMuntendamNoardbroekOverschildSappemeerScharmerSchildwoldeSiddebuorrenSlochterenSteendamSúdbroekTripscompagnie (foar in part) • TjuchemWaterhuizenWesterbroekWoudbloem
Utbuorrens en buorskippen: AchterdiepBeneden VeenslootBlokumBorgweg (foar in part) • BokhörnBoven Veensloot (foar in part) • BovenstreekDenemarkenDuurkenakkerEelshuisFoxhamFoxholsterboschGaarlandGaarveenDe HammenHeidenschapJagerswijkKalkwijkKlein Harkstede (foar in part) • KleinemeerKorengarstKostverlorenLagelandLangewijkLulaMartenshoekMedumertolNieuwe CompagnieNoordbroeksterhamrikOostwoldOude VerlaatDe PaauwenRoeksweerRuitenSchaaphokSiddebuursterveenSpitsbergenStootshornTusschenloegenTussenklappenUiterburenHet Veen't VeenWesteindWilderhofWindeweerWolfsbargeZandwerf