Menterwâlde (Nederlânsk en offisjeel: Menterwolde) is in eardere gemeente yn de provinsje Grinslân. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 gie de gemeente op yn de nije gemeente Midden-Grinslân. Op de lêste dei fan it bestean fan de gemeente (31 december 2017) hie it 12.013 ynwenners.

Menterwâlde
Menterwolde
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak Muntendam
grutste plak Muntendam
ynwennertal 12.013 (31 desimber 2017)
befolkingstichtens 71 / km²
oerflak 81,62 km²
● wêrfan lân 80,33 km²
● wêrfan wetter 1,29 km²
tal doarpen 6
ferkearsieren A7 N33
spoar fan Grins nei Lier
skiednis
oprjochte 1990
1990-2017 Meeden
Muntendam
Oosterbroek
opheft 2017
opgien yn Midden-Grinslân
no part fan Midden-Grinslân
oar
netnûmer 0598
postkoade 9630-9639, 9649-9651
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

De gemeente Menterwâlde bestie út de folgjende plakken: Beneden Veensloot, Borgercompagnie (foar in part), Boven Veensloot, Duurkenakker, Korengarst, Meeden, Muntendam, Noardbroek, Spitsbergen, Stootshorn, Tripscompagnie (foar in part), Tusschenloegen, Tussenklappen, Uiterburen en Súdbroek.

De namme Menterwolde (Menterasilva (1222) of Menerawalda) komt fan it midsiuwsk feangea oan de ouwers fan it rivierke de Munter Ee, dat letter it "Wâld-Aldamt" hiet. De namme Menterwâlde waard ek brûkt foar in kleaster dat justjes besuden Nieuwolda lein hat, en der binne ek oanwizings dat der in delsetting yn de buert fan dat kleaster mei dy namme wie. Yn it begjin fan de sechtjinde iuw waard it gebiet foar in part ûnderstrûpt troch de Doalert. Healwei dy iuw waard it ferdonken lân fannijs ynpoldere.

De doarpen leine as langhalige lintdoarpen om de tydlike boezem fan de Doalert hinne. De langhalige foarm ûntstie troch it oanmeitsjen fan fean oan 'e ein fan de Midsiuwen. Alle eardere gemeenten fan Menterwâlde wiene part fan it Aldamt. Yn it efterlân wie der in oanmakke heechfeangebiet, dat foar in part by de Grinzer Feankoloanjes hearde. Dêr lizze de doarpen Borgercompagnie en Tripscompagnie, lykas de útbuorren Stootshorn.

Lânskip en bebouwing waarden oerhearske troch grutskalige lânboubedriuwen, dy't tusken 1850 en 1940 in bloeitiid hiene. Dat tiidrek wie tekenjend foar de sosjale tsjinstellings, dy't dêrnei ek yn de politike ferhâldings te sjen wie.

De gemeente Menterwâlde ûntstie op 1 jannewaris 1990 troch it gearfoegjen fan de gemeenten Meeden, Muntendam en Oosterbroek. De nije gemeente hie ynearsten de namme Oosterbroek. In jier letter keas de gemeenterie foar de namme Menterwolde. It gemeentehûs wie sûnt juny 1992 festige yn Muntendam.

Op 1 jannewaris 2018 gie de gemeente, tegearre mei de gemeenten Hegesân-Sappemeer en Slochteren, op yn de nije gemeente Midden-Grinslân.

 
Kaart fan Menterwâlde